Sûnens

Sûnens

Sûnens is de fearkrêft fan minsken om mei de fysike, emosjonele en sosjale libbensútdagings om te gean. Yn Frij Fryslân nimt elk sels de ferantwurdlikheid foar de eigen sûnens. Sûn wêze stelt ús by steat út autonomy wei, eigen krêft en eigen ferantwurdlikheid wei yn balâns (sûn, fitaal en gelokkich) lang te libjen op fysyk, mentaal, energetysk, emosjoneel en spiritueel gebiet. Sûn wêze stelt ús ek by steat om ús op yntegere en autonome wize te ferbinen mei ús meiminske. Yn Frij Fryslân fertrouwe wy op it selshieljende fermogen fan de minske.

Sûnens is ús weardefolste besit. Dy wearde wolle wy op de goede wize ta utering bringe binnen it wurdearringssysteem fan Frij Fryslân, yn line mei wat hjirboppe sein is. 

Missy

Binnen Frij Fryslân stribje wy der nei in gebiet te wurden wêr't minsken in lokkich, fitaal, sûn en lang libben liede. De stúdzje nei blue zones hat njoggen faktoaren yn fiif kategoryen: lichemsbeweging, fieding, mentale steldheid en sosjale ferbiningen. Om dat foarinoar te krijen wolle wy minsken bekrêftigje om harren sûnens yn eigen hân te nimmen troch it beskikber meitsjen fan genôch ynformaasje, edukaasje en tools (lykas help troch terapeuten ). Ek biedt de mienskip fan Frij Fryslân in part fan de sosjale ferbiningen dy 't nedich binne foar in blue zone.

Oersjoch wurk - en útwikselgroepen mei 2023 tema Sûnens

Yntroduksje

Wy meitsje ûnderskied tusken in mienskip (MSK), in wurkgroep (WG) en in útwikselgroep UG). 

MSK - Mienskip Sûnens 

WG - Basisteam: hat in fasilitearjende rol en draacht der soarch foar dat taken en wurkgroepen binnen it tema Sûnens goed oansletten binne op de missy, fyzje en strategy fan it tema en Frij Fryslân yn it gehiel. Se helpe de wurkgroepen om harren opjefte te realisearjen.
WG - Alternative 'financiering': bûcht him oer alternative finansiering fan sûnens en soarch binnen de koöperaasje. Mooglikheden en juridyske ramten wurde ûndersocht om dêrnei ien of meardere konsepten te ûntwikkeljen.
WG - Deagewoan Sûnens: wol út in respektfolle en feilige basishâlding wei romte jaan oan de ûnderskate sjenswizen en winsken om it ierdske ôfskied hinne.
WG - Súvere Apotheca: wurket oan it oprjochtsjen fan in apoteek mei natuerlike, op maat makke en wolwêzenferheegjende middels foar de minske.
WG - Jongereingroep: sil har dwaande hâlde mei de begelieding en stipe fan jongerein. Dêrneist wurdt der sjoen nei mooglikheden om dielgroepen op te setten foar aktiviteiten yn groepsferbân. De groep organisearret yn de simmer fan 2023 in jongereinwike.
WG - Holistische Zorg Frij Fryslân: (komme letter mear groepen út fuort ): rjochtet him op it ûntwikkeljen fan in model en bedriuwsplan foar in holistysk en koöperatyf soarchoanbod yn de wyk of regio. Tink dêrby oan thússoarch, ferloskunde en kreamsoarch en soarch oan minsken mei in beheining.
WG - Sûnens Foar Elkenien: dizze wurkgroep ûnderhâldt de kontakten mei en wurket gear mei de soarchprofessionals dy 't har by de koöperaasje oansletten hawwe.

UG - BewustSûnWêze: hâldt him dwaande mei it tapassen fan ynsichten út de kwantumfysika binnen it tema Sûnens. Op dit stuit wurdt der wurke mei yntinsje-eksperiminten om te ûndersykjen wat de krêft fan yntinsjes is op de omjouwing en op ússels, mei as doel dizze kennis en útkomsten te dielen binnen Frij Fryslân.
UG - Mannekrêft: weromkommende gearkomste foar manlju dêr 't romte is foar it dielen oer útdagingen en kwetsberheden om inoar te sjen, te stypjen en om yn dyn manljuskrêft te stean.
UG - Frouwekrêft: weromkommende gearkomste foar froulju dêr 't romte is it dielen oer útdagingen en kwetsberheden om inoar te sjen, te stypjen en om yn dyn frouljuskrêft te stean.
UG - Deel & Heel: Elkenien hat te krijen mei trauma yn it libben, grut of lyts. Trauma's ûntsteane altyd yn relaasje ta in oar. As wy dizze persoanlike stikken yn kontakt bringe, troch dy te dielen mei in oar, kin der heling ûntstean. Foar ússels en foar ús omjouwing.

Ferlykbere links

Vragen? Mail ons!