Jild

Jild

Frij Fryslân stribbet nei syn eigen, Fryske munt, dêr’t de Fryske ekonomy mei stimulearre wurdt. Mei dit Fryske jild bepaalt Fryslân sels wat wichtich is en wat wearde hat. Dat jildsysteem biedt minsken de frijheid om mei jild te dwaan wat hja wolle. De mooglikheden om in Fryske munt stal te jaan wurde socht yn blockchaintechniken oan de iene kant en goud en sulver oan de oare.

Frysk jild

Frij Fryslân hat in dúdlike fisy op wolfeart en wolwêzen. De âlde ekonomyske modellen en de dêrby hearrende jildsystemen hâlde gjin rekken mei alle saken dy’t Frij Fryslân wichtich fynt. Dêrom is it wichtich dat Frij Fryslân in eigen jildsysteem hat. 

Wat is jild eins?

Wat minsken wichtich fine wurdt yn jild útdrukt. Jild hat rûchwei trije funksjes:

  1. ruiljen, hanneljen en keapjen;
  2. rekkenjen: om de wearde fan goed en tsjinsten útdrukke te kinnen;
  3. wearde fêst hâlden.

Tagelyk wurde ek in soad saken krekt net yn jild útdrukt, lykas mantelsoarch en oare saken dy’t net meinommen wurde yn de modellen fan ekonomen. 

Der wurdt de lêste jierren hieltyd serieuzer neitocht om de beheinde ekonomyske modellen, dy’t benammen op winstmaksimalisaasje rjochte binne, by te stellen en der alternativen foar te betinken. Twa foarbylden binne de Doughnut Economics fan Kate Raworth en de Economy for the Common Good fan Christian Felber. Dy modellen besykje safolle mooglik rekken te hâlden mei alle aspekten fan ekonomy, dus ek mei de sosjale en de ekologyske effekten.

De globale krisis fan it jildwêzen

De lêste jierren rint it mondiale finansjele systeem fêst. Troch jildkreaasje troch banken is in skuldeberch makke dy’t net mear op te lossen falt. Der wurdt troch de sintrale banken op de wrâld tawurke nei in reset fan it finansjele systeem. Dat betsjut de kreaasje fan in digital currency en folle mear kontrôle troch de banken op wêr’t minsken harren jild oan útjaan kinne en meie.  

Nei in Fryske munt 

Yn Frij Fryslân is der in jildsysteem dat minsken de frijheid biedt om mei jild te dwaan wat hja wolle. De mooglikheden om in Fryske munt stal te jaan wurde socht yn blockchaintechniken oan de iene kant en goud en sulver oan de oare. 

Neist in Fryske munt kin ek wer in Fryske Koöperative Bank oprjochte wurde, en in Fryske Beurs, dy’t it ynvestearjen yn de Fryske ekonomy fierder befoarderje sille. 

Belesting

Yn Frij Fryslân wurdt kapitaals- en omsetbelesting heft, mar gjin leanbelesting. De belesting wurdt betelle mei en yn de Fryske munt.