Lânbou en Iten

Lânbou en Iten

Boeren wurkje hurd en mei in soad hert foar harren bedriuw. Se tinke noch hieltyd yn opfolging fia de folgjende generaasje en hawwe dus oer it generaal in langetermynfisy op harren bedriuw. Boeren produsearje ús deistich iten en fertsjinje dêrom respekt fan de hiele mienskip. Boppedat binne boeren faak in wichtige faktor yn lânskipsbehear en ferfolje se somtiden ek maatskiplike taken (tink bygelyks oan soarchbuorkerijen).

Regels

Op dit stuit wurde boeren hindere yn in sûne bedriuwsfiering troch in oerdied oan regels út Den Haach wei, dy 't it hieltyd dreger meitsje om hjiroan noch te foldwaan. Dy regels hawwe boppedat de oanstriid om alle jierren te feroarjen, wêrtroch 't boeren hieltyd wer yn de problemen komme en djoere ynvestearrings dwaan moatte, of krekt in part fan de feesteapel ôfstjitte moatte, wylst se dy koart tefoaren útwreide hiene. As lêste hannelet Nederlân dêryn as is der gjin Europeeske merk dêr 't op konkurrearre wurde moat. Dat makket de regels noch kontraproduktiver en minder goed út te lizzen. 

Yn Fryslân wolle wy de regels foar de boeren beheine en oersichtliker en logysker meitsje. Dy regels moatte boeren by steat stelle ta in sûne bedriuwsfiering.

Banken

Ek de banken spylje in te grutte rol yn it bestean fan boeren. In soad boeren binne de ôfrûne jierren troch de rop om skaalfergrutting ferlaat om miljoenen te lienen fan de bank. Dêrtroch sitte sy yn in soad gefallen oant kop en earen yn de skuld.

Yn Frij Fryslân wurdt dêrom ûnder oare ynwennerspartisipaasje stimulearre, wêrby 't ynwenners yn de regio fan de boer in belang krije kinne yn it boerebedriuw. Dêr stiet dan in lytse fergoeding tsjinoer. Foarop stiet dat Fryslân wer fan de ynwenners fan Fryslân wurdt en dat de boeren net langer yn de tange sitte fan de banken.

Lânskipsbehear

De boer spilet in wichtige rol yn it lânskipsbehear. It soargjen foar greidefûgels, de kwaliteit fan de boaiem, it wetterpeil: it binne allegear saken dêr 't de boer mei te krijen hat. Ek hjir is er allegeduerigen yn dialooch mei de oerheid, dy 't soms straft, soms subsydzje ferlient as de boer bepaalde lânskipsbehearstaken op him nimt. In foarbyld fan dat lêste is it oanlizzen en yn stân hâlden fan houtwâlen of sônes mei túch en blommen, dy 't in posityf effekt hawwe op de floara en fauna.

Ferbining tusken boer en konsumint

De direkte ferbining tusken boer en konsumint moat wer yn eare hersteld wurde. Dat kin troch abonneminten mei lokale ôfhelpunten, troch direkt by de boer te keapjen, boeremarkten en itenskoöperaasjes. Dêrtroch krijt de boer in hegere priis foar syn produkten, mear kontakt en wurdearring fan de konsumint foar de boer. In wichtich njonkeneffekt is dat de macht fan de grutte supermerken brutsen wurdt. De boer is dan net langer ôfhinklik fan it rigide ynkeapbelied en macht fan dizze grutte winkelketens mar krijt mear de leie oer syn eigen takomst.

Mearwearde op produkten

Boeren dy 't - allinnich of yn gearwurking mei oaren - in mearwearde kreëarje wolle op harren produkten, troch bygelyks tsiis te meitsjen fan molke, soene yn kontakt brocht wurde moatte mei fakminsken dy 't dêrby helpe kinne of dy 't dat sels dwaan wolle. Op dy wize kin de ferwurking fan produkten ekstra ynkomsten generearje foar de boer.

Koöperaasjes

Koöperaasjes binne in wichtich konsept yn Frij Fryslân. Dat is grif ek tapasber op 'e lânbousektor. Hjir kinne koöperaasjes in wize wêze om fan de banken los te kommen, ûnteigening tsjin te gean en de boer wer de bewegingsfrijheid te jaan dy 't er nedich hat om syn bedriuw optimaal te runnen.