Folop mooglikheden foar frije enerzjy

Folop mooglikheden foar frije enerzjy

Frije enerzjy wie it ûnderwerp fan in in ‘college tour’ dy’t holden waard op ‘e Jouwer op 29 septimber lêstlyn. Ynlieders wienen Karsten van Asdonk en Casper Boom, twa jonge mannen dy’t beide ôfstudearre binne oan technyske universiteiten. Se hawwe de Stifting ‘Energy Abundance’ oprjochte om frije enerzjy mear bekend te meitsjen en oan in trochbraak te wurkjen. Op de jûn waarden tal fan nijsgjirrige foarbylden jûn mar waard ek stilstien by falkûlen, blokkades én de takomst.

Wat is frije enerzjy

Frije enerzjy hâldt – om koart te kriemen – yn dat apparaten in oer-rendemint hawwe, dat wol sizze dat der rest-enerzjy oer bliuwt. It wurdt ek wol de ‘co-efficiency of performance’ (COP) neamd. Stel jo stekke 10 ienheden yn in apparaat en der komt 1.000 út, dan is de COP 100. In soad foarmen fan frije enerzjy komme út de ‘eter’. Fan 0-puntsenerzjy is berekkene dat mei de enerzjy dy’t yn ien glês sit alle wetter út de oseanen ferdampt wurde kin. Der is sa yn potinsje mear as foldwaande enerzjy oanwêzich om foar miljoenen jierren skjinne enerzjy opwekke te kinnen. 

It idee foar ‘Free energy’ komt benammen by Nikola Tesla wei, dy’t om 1900 hinne libbe. In man dy’t iepen stie foar nije ûntjouwings  en útfiner wie fan wikselstream, de x-ray en op ôfstân bestjoerbere apparaten. Hy fûn ek ‘radiant energy’ út en boude de saneamde ‘Wardenclyffe Tower’, om triedleas ynformaasje te ferstjoeren oer de hiele wrâld. Spitigernôch hawwe syn finansier (JP Morgan) en de FBI alles wat Tesla die gigantysk tsjinwurke, om’t sy respektivelik belang hienen by betelle elektrisiteit en fan steatswege kontrôle útoefenen op Tesla. 

Foarbylden

Der binne foarbylden út de hiele wrâld fan frije enerzjy. Sa hat Daniel Dingel (yngenieur fan de Filipinen) in auto makke dy’t op drinkwetter ride koe. Mei technology koe hy de frekwinsje fan in wettermolekuul sa behannelje dat it wetterstof waard. It is nea yn massa-produksje brocht.  Paramahamsa Tewari út Yndia wist in masine te meitsjen dy’t 24 oeren per dei draaie koe mei in COP fan 2,6. Ek dy útfining is noch net op grutte skaal trochbrutsen. Mar sa binne der ek oare foarmen fan frije enerzjy: magneetmotoaren, plasma, wettertechnologieën, eter-generatoaren, waamtepompen, kearnfusy en swiertekrêft-motoaren.

Blokkades

Oerheden, banken en multynationals blokkearje de opkomst fan skjinne, frije enerzjy. Patinten wurde konfiskearre en guon minsken binne omlein. Dêrom sykje útfiners oare wegen as de universiteiten en mooglikheden om oan jild te kommen. Dêrneist is der ek skamte, eangst en kompetysje. Neffens Van Asdonk en Boom ‘gean wy as minskdom destruktyf mei ússels om’. ‘It wurdt dêrom tiid foar wittenskip út it hert wei‘, ornearje de beide mannen… 

Takomst

Der binne op dit stuit in pear bedriuwen dy’t wrâldwiid grutte mooglikheden hawwe. Bygelyks Infinity SAV út Súd-Korea dy’t magnetyske generatoren bout. Mar ek de Kinetic Power Plant (KPP) fan ‘Zilverstroom’, dy’t 365 dagen per jier en 24 oeren per dei skjinne, goedkeape enerzjy leveret. Dy lêste opsje (KPP) kin bygelyks foar €800.000 (eks BTW) in doarp fan 500 ywenners fan elektrisiteit foarsjen. Dat soe bygelyks ek in hiel goed alternatyf wêze foar doarpen yn Grinslân, dy’t troch de gaswinning no wer hielendal opnij opboud wurde moatte… As enerzjy sa goed as neat mear kostje soe en skjin is, binne de mooglikheden fan ferfier ûneindich, kinne huzen folle goedkeaper boud wurde, kin folle mear ôffal recycled wurde en de lânbou ek folle miljeufreonliker wurde. Produksje kin lokaal en der ûntstiet in bettere balâns tusken wurk en frije tiid.