Ferslach lansearring Friling 12 maart mei fideoreportaazje

Ferslach lansearring Friling 12 maart mei fideoreportaazje

Miskien wiest derby... de feestlike ôftraap fan de Friling op 12 maart dit jier op in prachtich histoarysk plak - it gebou fan de Koöperative Suvelbank, letter Friesland Bank. Hûnderten minsken kamen harren Frilingen ôfheljen by it moaie jierren '30 loket en sa 'n fyftjin bestellers mochten harren pakketsje ôfhelje yn de histoaryske klûs yn de kelder fan it bankgebou.

Mei de noas yn de bûter 

Soms wurket it universum mei, falst mei de noas yn de bûter of hast gewoan gelok... Dit wie wer sa 'n ien: de jildgroep krige it klear om beskikking te krijen oer in bysûndere lokaasje foar it evenemint: it prachtige pân fan de Koöperatieve Suvelbank, boud yn de jierren '30, oan it Saailân te Ljouwert. It gebou fan de Koöperatieve Suvelbank is letterlik opslokt troch de lettere nijbou, lykas de bank sels. Yn 1970 waard de bank omdoopt ta Friesland Bank, dy 't yn 1995 in NV waard. Uteinlik waard dy yn 2012 oernaam troch de Rabobank. 

Mei Frij Fryslân geane wy werom - en tagelyk nei de takomst - nei it koöperative tiidrek. Werom nei de kearn fan wêr 't dit gebou foar stie. Wy bringe in fysike sulveren, echte munt werom yn de wrâld en dizze lokaasje koe net symbolysker en treffender wêze.

Op de dei sels die bliken dat de romte ideaal wie. Net allinnich de prachtige sintrale hal dêr 't de lêzing fan Hester Bais en de lansearring fan de munt sels wie hiel geskikt foar de likernôch 350 minsken dy 't it evenemint bywennen, ek it histoaryske part mei loketten en monumintale klûs wiene perfekt foar dêr 't wy se foar nedich hiene: it útjaan fan de sulveren munten. 

Hester Bais fersoarge tegearre mei har ko-auteur Wink Sabé in lêzing oer de massale bankfraude dy 't sûnt 2008 oan it ljocht kaam is en wat dêrfoar de oplossingen wêze kinne. Sy skreau tegearre mei Wink resint it boek Worst Bank Scenario

Media

De Andere Krant wie oanwêzich, lykas faker op Frij Fryslân eveneminten. Fierder kaam Omrop Fryslân del. Harren ferslach is hjir te lêzen en te beharkjen

Bestellings ferwurke en nije oplage besteld 

Nei de ôftraap hat de wurkgroep drok west mei it ferstjoeren fan de grutte mannichte bestellingen fan de moannen dy 't foarôf giene oan de levering fan de munt. Ek is der in nije oplage besteld en alwer foar in part útlevere. 

Frilingen keapje 

De munt is fansels noch hieltyd te keap en kin yntusken út foarried levere wurde. Je hawwe de munt dus frij gau yn 'e hûs as je 'm bestelle en ferstjoere litte. Der is ek de mooglikheid om de munt ôf te heljen. De foarferkeappriis fan 40 euro jildt noch oant 1 juny 2023. Dêrnei wurdt de priis wat ferhege.