Kom nei de temadei Enerzjy!

Kom nei de temadei Enerzjy!

Lit dy ynspirearje troch alles wat der by Frij Fryslân spilet op it mêd fan Enerzjy! Oft it no giet om it opsetten fan in eigen Frysk enerzjybedriuw, in koöperaasje foar de yn - en ferkeap fan enerzjy, it besparjen fan enerzjy, of it meitsjen fan in GEET - of magneetmotor foar de opwekking fan frije enerzjy.

Datum en lokaasje: 28 jannewaris 2023, Doopsgezinde Kerk, Skilwyk 29, Boalsert 

Yn Boalsert sille op dy middei presintaasjes jûn wurde oer boppeneamde ûnderwerpen. Der is ek folop gelegenheid om fragen te stellen én om dy oan te melden om sels aktyf te wurden yn de ferskate nije wurkgroepen dy 't opset wurde. Ek kinst lid wurde fan de Energie-community binnen Frij Fryslân, sadatst altyd as earste op 'e hichte bist fan wat der spilet op dit mêd en de wurkgroepen in hantsje helpe kinst as dat nedich is. 

Wy steane foar in perioade mei grutte útdagingen én moaie projekten dy ’t de ynwenners fan Fryslân autonomer meitsje sille. As wy meielkoar de skouders derûnder sette dan bouwe wy in nije tiid dêr 't neat ûnmooglik is! Fiel dy fan herte wolkom om de 28e nei Boalsert te kommen ast ynteressearre bist of stypje wolst.

Doelen fan de dei

Wy kreëarje dy middeis in ynspirearjend moetingsplak foar ynteressearren, wurkje gear oan de trochûntwikkeling fan it tema Enerzjy en begjinne mei nije wurkgroepen. De wurkgroepen binne op 'e siik nei spesifyk talint en steane te popeljen om dy te moetsjen!

Hoechst gjin technyske kennis oer it ûnderwerp te hawwen

Sterker noch, we ha in soad minsken nedich mei oare kennis en talinten, lykas finansjele kennis, organisearjen en bedriuwen opbouwen. Guon wurkgroepen dy 't dizze dei opstart wurde, wurkje ta nei betelle banen foar de leden. Witst sels noch net krekt wat dyn bydrage wêze kin? Dan is dizze middei in goed startpunt. Der is genôch romte om oer de ferskate ûnderwerpen en mooglikheden yn petear te gean.

Programma

13.00 Ynrin 

13:30 - 14:30 Plenêre sesje mei presintaasjes

  • It grutte plaatsje
  • Wurkgroepen en doelen
  • Wat kinsto dwaan en wat wurdt der dan fan dy ferwachte?

14:30 - 15:30 Skoft / iepen romte

  • Leden út de besteande wurkgroepen binne oanwêzich foar fragen
  • Kreamkes mei ynfo en ynskriuwlisten (û.o. ynteresse yn lidmaatskip enerzjybedriuw, aspirant-lidmaatskip koöperaasje Frij Fryslân)

15:30 - 17:00 Parallelle sesjes

  • Yn 'e kunde komme
  • It presintearjen fan de doelen fan de wurkgroepen
  • Ynput fan dielnimmers
  • Folgjende stappen
  • Per wurkgroep útinoar foar kennismeitsjen en it besprekken fan de groepsdoelstellingen

17:00 - 17:30 Ofsluting 

  • Plenêre weromkeppeling út de groepen wei
  • Folgjende stappen

17.30 -18 Sûpke

 

De wurkgroepen

Hjirûnder fynst in omskriuwing fan 'e nije wurkgroepen op it mêd fan Enerzjy dy 't op 'e temadei opstart wurde.

  1. Stipeteam Enerzjy
    It stipeteam enerzjy bestiet út minsken dy 't de community en de ferskate groepen stypje as dat nedich is. De groep is fasilitearjend én temabreed ynhâldlik dwaande.
     
  2. Bestjoer en (administrative) stipe Frysk Enerzjy Bedriuw (FEB)
    It giet hjir om it beminskjen fan de kearn fan de nije koöperaasje, in enerzjybedriuw foar hiel Fryslân. Der wurde njonken bestjoersleden ek stypjende meiwurkers frege. Omdat it hjir om it opsetten fan in folslein nij enerzjybedriuw giet en it fulltime funksjes oanbelanget, is der op termyn sprake (nei in oprjochtingsfaze dêr't dyn ynset noch op in oare wize wurdearre wurdt) fan betelle wurk.
     
  3. Marketing FEB
    Dizze groep sil him dwaande hâlde mei it opsetten en útfieren fan in plan om it Fryske enerzjybedriuw yn de merk te setten. It Fryske enerzjybedriuw is folslein nij, dêrom giet it om nammebekendheid mar ek it oanlûken fan nije klanten (leden), wêrby 't de foardielen dúdlik kommunisearre wurde. Do leverest mei oaren in bydrage oan it opsetten en útfieren fan dit plan, sawol kwa tinkwurk as ek hands-on.
     
  4. Opwekking FEB
    De wurkgroep ‘opwekking’ soarget derfoar dat der in goede ynkeap is fan Fryske enerzjy en dat der ek nei stribbe wurdt om in hieltyd heger oandiel ‘assets’ yn hannen te krijen fan de Fryske mienskip. Troch dat yn eigen behear te hawwen (cq by de lokale koöperaasjes) binne wy minder en op termyn hielendal net mear ôfhinklik fan de oanlevering fan enerzjy troch partijen fan bûten Fryslân of bedriuwen dy 't foar de heechste rendeminten gean. Affiniteit mei enerzjy is handich, fan doel oer finânsjes is noch ferlet. 
     
  5. Bestjoer en (administrative) stipe Frije Fryske Enerzjykoöperaasje (FFE)
    It giet hjir om it beminskjen fan de kearn fan de nije regionale Enerzjykoöperaasje, dy 't linkt is oan Frij Fryslân. Elkenien kin dêr lid fan wurde, sawol partikulieren as bedriuwen/organisaasjes. Der wurde njonken bestjoersleden ek minsken frege dy 't de organisaasje stypje. Do boust mei om dit mei oaren op te setten. Krekt as by oare lokale enerzjykoöperaasjes is dit op frijwillige basis (inkelde oeren yn 'e wike).
     
  6. Promoteam Frije Fryske Enerzjykoöperaasje (FFE)
    It team sil safolle mooglik leden winne foar de Enerzjykoöperaasje. Yn earste ynstânsje troch binnen Frij Fryslân minsken, bedriuwen en organisaasjes te finen dy 't lid wurde wolle fan de FFE. Mar ek dêr bûten: tink oan sport - en muzykklups, wêrby 't foar elk oanbrocht lid in fergoeding jûn wurdt dy 't ta goede komt oan de Mienskip. Oerenynset: likernôch 2 -3 oeren yn 'e wike (of mear).
    Lês foar dizze seis groepen ek: Enerzjy? Fryslân autonoom!
     
  7. Utwreiding bouwen fan frije enerzjy motor
    De hjoeddeiske frije enerzjygroep binnen Frij Fryslân wurket op it stuit oan in magneetmotor. Der binne noch ferskate oare saken te ûntwikkeljen, dêr 't dizze groep foar op syk is nei ien of inkelde minsken.
     
  8. GEET wurkgroep
    Stel dy ris foar datst oer de kennis beskikke kinst wêrby'tst in ferbrâningsmotor op suver alle floeistoffen draaie litte kinst, ynklusyf wetter. Wat soesto dan dwaan...? Soest sa'n útfining op foarhân nei de prullebak ferwize of soest dêr serieus mei fierder gean? Robert Boerman  kaam 17 jier lyn in útfining tsjin dy 't syn libben feroare. Mei de 'GEET Fuel Processor' fan Paul Pantone is it mooglik om elke ferbaarningsmotor op alternative brânstoffen draaie te litten. Mei in GEET Fuel Processor is it mooglik om sawat alle floeistoffen oars as benzine, diesel of LPG as brânstof te brûken. Binnen Frij Fryslân sil de “GEET wurkgroep” selsstannich in GEET motor bouwe. Dochst mei?
     
  9. Enerzjyoplossingen foar dyn hûs
    Liket it dy leuk om mei oaren oplossingen foar enerzjyopwekking, - opslach en - besparringsmaatregels yn kaart te bringen? En om dy út te testen en foar mear minsken tagonklik te meitsjen? It kin dêrby gean om besteande of om hiele nije techniken. Slút dy dan oan by dizze groep.

Dochsto ek mei? 

De temadei hat west, mar ast ynteressearre bist yn dit tema, kinst oanslute by de mienskip. Betingst hjirfoar is datst lid bist / wurdst fan de koöperaasje. Nim foar mear ynformaasje kontakt op fia info@frij.frl.