Regio’s op wei nei selsstannigens

Regio’s op wei nei selsstannigens

De wrâld en ek it Europa fan no binne net in statysk gehiel. Yn it begryp fan in soad minsken is de wrâld sa sa’t er is, mar der is Europeesk én wrâldwiid in enoarme dynamyk oan opkommen en teloargean fan lannen en steaten. Allinnich al yn Europa binne de measte lannen (steaten) pas nei 1900 ûntstien. Dat is by 31 fan de 47 it gefal (twatredde part).

De lêste tsien jier sjogge wy yn hiel Europa op ‘e nij in tanimmende winsk nei ûnôfhinklikens fan regio’s. Dat rint fan de Aland eilannen tusken Finlân en Sweden oant Kataloanje en Baskelân en fan Skotlân oant Súd-Tirol. Dy regio’s wolle echt út it besteande ‘systeem’ fan de lidsteaten stappe om’t se wol sjogge dat jo allinnich by folslein selsbestjoer goed opkomme kinne foar de ynwenners. In protte fan dy regio’s hawwe no in foarm fan autonomy, wêrby’t se bepaalde saken sels beslisse meie en oare ûnderwerpen net. Of dat der taken desintralisearre binne. Sa stadichoan komme al dy regio’s der no efter dat dat dochs net goed wurket en it net genôch is. Jo bliuwe ôfhinklik fan de sintrale macht, dy’t mei politike spultsjes de regio’s en dêrmei de befolking dêrfan lyts besiket te hâlden. As it der écht om draait en der moatte krusiale besluten naam wurde, dan wurde dy troch de politisy en machthawwers yn de haadstêden nommen. Foar de befolking is der op in bepaald stuit gjin kar mear, se binne troch de omstannichheden, it net serieus nimmen fan it ferlet yn de regio’s en/of repressy fan de lidsteaten wol twongen om foar harsels op te kommen en úteinlik te kiezen foar in eigen lân. Autonomy is dan net genôch: ûnôfhinklikens fan de sintrale steat is de oplossing dêr’t hieltyd mear gebieten foar kieze. 

Skotlân

Skotlân is in bekend foarbyld fan in regio dy’t al hiel lang stribbet nei selsstannigens. It is al jierren sa dat de twa partijen dy’t út de UK stappe wolle, de SNP (Scottish National Party) en de Greens in absolute mearderheid hawwe yn it Skotske parlemint. Under de befolking is ek hieltyd mear oanhing foar it idee fan ‘independence’. Tusken 12 febrewaris en 1 maart 2021 kaam it buro Harbury Strategy yn in peiling út op 52% foar en 41% tsjin ûnôfhinklikens. Yn datselde Grut-Britanje is de lêste jierren ek yn Wales in stevige lobby ûntstien foar selsstannigens. De partij Plaid Cymru (Party for Wales) set him dêr hieltyd mear achter, nei’t de folksbeweging Yes Cymry (‘Ja Wales’) hieltyd mear oanhingers krigen hat. Der binne no ek al tûzenen minsken oanwêzich by manifestaasjes foar in selsstannich Wales. 

Binne it dan benammen de gruttere regio’s dy’t der nei stribje om alles ‘yn eigen hûs’ te dwaan? Soms wol, lykas Kataloanje, dat mei 7,5 miljoen ynwenners út de greep besiket te kommen fan it noch altyd fassistyske Spaanske belied. Op 1 oktober 2017 stimde dêr 90% fan de minsken dy’t stimd hawwe foar ôfskieding fan Spanje. Lykwols waard dat mei in soad geweld troch de Spaanske militêre plysje de kop yndrukt. Mar leafst 1066 ûnskuldige kiezers waarden it sikehûs ynslein en it referindum waard ûnjildich ferklearre. 

Aland eilannen

In hiel oar foarbyld is de Aland eilannen. Dat is in gebiet fan mar 30.000 ynwenners foar de kust fan Finlân. De beweging Ålands Framtid (“Alands Takomst”) leit de lêste tiid mear en mear klam op it sels baas wurden fan de eilannegroep, mei’t yn koroanatiid de oanfier fan guod troch blokkades (ynsteld troch de polityk yn Finlân) yn gefaar kaam. Sa is yn tsientallen oare gebieten yn Europa sprake fan bewegingen foar selsstannigens en foar in stribjen nei in echt earlike nije opbou fan de mienskip. Yn West-Europa binne dat ûnder oare: Skotlân, Wales, Flaanderen, Beieren, Súd-Tirol, Korsika, Baskelân, Kataloanje, de Aland eilannen en Fenetië. 

Dêrby moat opmurken wurde dat ferskate regio’s in stik lytser binne as ús Fryslân (650.000 minsken).Sa hat Súd-Tirol 532.000 ynwenners en Korsika 340.000 ynwenners. Grutte is ek net in kritearium om súksesfol wêze te kinnen. Want yn Europa binne sels lannen ûntstien mei minder ynwenners as Fryslân: Lúksemboarch telt 633.000 ynwenners, Yslân 366.000 en Malta 525.000. Dy lannen telle op Europeesk en wrâldskaal folweardich mei. Lúksemboarch is mei in trochsnee ynkommen fan €120.000 de persoan sels it rykste lân fan de wrâld! It kin himsels mei wetter en mei tal fan lânbouprodukten ek folslein rêde, hat fergees iepenbier ferfier, lege belestings  en is segene mei natuerskientme en  prachtige stêden en doarpen. ‘Small is the new big’.