Presintaasje Frij Fryslân woansdei 24 maaie 2023

Presintaasje Frij Fryslân woansdei 24 maaie 2023

Yn Frij Fryslân bouwe wy oan in nije, earlike samenleving en mienskip. Dêrby hantearje wy in holistysk perspektyf en brûke wy kearnwearden as helpmiddel. Neigeraden dat ús bewustwêzen groeit en wy ús hanneljen dêrmei yn oerienstimming bringe, krije wy mear tools yn hannen. Dêrmei groeit it oersjoch dat nedich is om in mienskip te kreëarjen dy 't foldocht oan de natuerwetten en wêryn 't minsken autonoom en frij wêze kinne. Dit is in lear- en groeiproses foar elkenien. Wichtige útgongspunten dêrby binne: iepenstean foar feroaringen en oare perspektiven en benammen mei-inoar yn ferbining gean en bliuwen.

De foarm dêr 't foar keazen is, is dy fan de koöperaasje: in kombinaasje fan in feriening en in bedriuw. Yn de koöperaasje leare we om wer as minsken gear te libjen en te wurkjen. Undertusken bouwe wy ús eigen ekonomy op. Sa wurkje yndividuen, inisjativen en bedriuwen gear oan in ekosysteem wêryn 't de minske en natuer sintraal stean en wêryn 't de sizzenskip wer by de minsken leit. 

Op ferskate oare plakken yn Nederlân binne minsken aktyf yn soartgelikense bewegingen. By it opstarten en draaien hjirfan komme wy ferskate útdagingen tsjin. Op 24 maaie komme minsken fan Frij Fryslân del om te dielen hoe 't sy hjirmei omgean en om ûnderfiningen en lessen út te wikseljen, yn de foarm fan in presintaasje en in dialooch. 

Do bist fan herte wolkom! Tagong is op basis fan in frijwillige donaasje. Kofje en tee binne tsjin betelling te krijen.

Gegevens gearkomste

Lokaasje: Landgoed het Hulsevoort, Bruggertweg 2, 7156 NB Beltrum.
Ynrin: 19.00 uur. 
Oanfang: 19.30 uur.

Oanmelde foar 22 maaie fia gezondverstandachterhoek@protonmail.com û.f. dyn namme, telefoannûmer en it tal persoanen. Je krije dan in befêstiging.

Hast noch fragen?

Stjoer in e-mail nei gezondverstandachterhoek@protonmail.com

links

Vragen? Mail ons!