Preambule karbrief Frij Fryslân

Preambule karbrief Frij Fryslân

Op 5 maaie 2022 passearre by de notaris yn Ljouwert it karbrief fan de Koöperaasje Frij Fryslân. Hjirûnder is de tekst fan de preambule fan dat karbrief te lêzen. Dizze preambule jout de fisy en aspiraasjes fan de koöperaasje wer.

1. Fyzje

Frij Fryslân is in lân dêr’t minsken om elkoar jouwe. Dêr’t respekt foar elkoar, it libben en frijheid in moaie balâns foarmje. In lân dêr’t minsken mei elkoar besluten nimme en om elkoar en om ús ûnbetelbere natuer tinke. It is in lân dat in soad rykdommen biedt: skjin drinkwetter, suvere luchten, rike lânbougrûn en duorsume enerzjyboarnen. Yn Fryslân is alles foarhannen om ynwenners de basisbetingsten foar in sûn libben te bieden. Frij Fryslân is ek in lân dêr’t elkenien him of har ûntjaan kin nei eigen ynsjoch. Dêr’t ynspiraasje, kreativiteit en ynnovativiteit ûnderdiel fan it grutste goed binne en dêr’t  talinten fan elkenien sjoen en benut wurde. Dy wearden wurde yn Frij Fryslân aktyf stimulearre, sadat wy wurkje kinne oan oplossings dy’t takomstbestindich binne en wy ús natoer, ekonomy en bestjoerlike prosessen werstelle kinne. Yn Frij Fryslân witte wy dat in sterke lokale ekonomy needsaaklik is foar minsken en omjouwing. Wy drage ús soevereiniteit en beslissingsfoech net oer oan oerheden of non-gûvernemintele ynstellings dy’t in lyts bytsje bining mei ús lân hawwe. Us ynwenners nimme mienskiplik, transparant en earlik besluten en hâlde útfierders fan de keazen rjochting oanspraaklik.

2. Fryslân

Fryslân tusken Fly en Lauwers, gearfallend mei de hjoeddeiske provinsje Fryslân, is it oerâlde stamgebiet fan de Friezen. Al yn de Lex Frisionum 'De wet fan ‘e Friezen', opskreaun oan 'e ein fan 'e achtste iuw nei Kristus, wurde trije Fryske gebieten ûnderskieden. Njonken it hjir neamde stamlân, dat de basis foarmet foar de rjochtsregels dy't yn de Lex Frisionum opskreaun binne, wurdt in westlik gebiet ûnderskieden tusken Sincfal (op ‘e grins fan Seelân en Sieusk-Flaanderen) en Fly (no Iselmar - dus de hjoeddeiske provinsjes Seelân, Súd- en Noard-Hollân) en in eastlik gebiet tusken Lauwers en Wezer (dus de hjoeddeiske provinsjes Grinslân yn Nederlân en Ostfriesland yn Dútslân). De Friezen binne dêrmei dus ien fan de âldste folken fan ‘e Lege Lannen. De helte fan wat no Nederlân is, wie eartiids Frysk.

3. Folk en taal

De Friezen binne de iennichste erkende nasjonale minderheid yn Nederlân. It Frysk is boppedat ek de iennichste offisjeel erkende minderheidstaal yn Nederlân, sûnt twatûzentrettjin (2013) ferankere yn de Wet Gebrûk Fryske Taal. Dy Fryske taalwet is it resultaat fan ‘e Fryske emansipaasjebeweging dy’t sûnt de njoggentjinde iuw ûntstien is en dy’t laat hat ta grammatika’s, wurdboeken, ynstituten en (politike) bewegings dy’t foar it Frysk en de Friezen opkomme. Spoaren fan it Frysk binne noch te finen yn de oare dielen fan it eardere Grutfryske gebiet, benammen yn it Westfrysk. Yn Dútslân wurdt yn it Sealterlân yn Ostfriesland noch Frysk praat. Dêrnjonken wurdt yn Noard-Fryslân in tal Noard-Fryske dialekten sprutsen.

4. Skiednis

De Friezen hawwe in lange tradysje fan frijheid. De foarâlden fan de hjoeddeiske Friezen setten har oan 'e ein fan 'e fjirde iuw nei Kristus nei wenjen yn it doe foar in grut part lege en ûntfolke Fryske kustgebiet en namen al rillegau de âlde namme fan harren foargongers (dy't yn de earste iuwen foar Kristus oant de ein fan ‘e Romeinske tiid dizze kontreien bewenne hawwe). De 'nije' Friezen wiene besibbe oan en stiene yn nau kultureel kontakt mei de oare Germaanske folken om de Noardsee hinne, benammen de Angelsaksen yn Ingelân en de Denen yn Skandinaavje. De Friezen stiene bekend as in machtich en ryk folk, mei troch harren ynternasjonale hannel, wêrtroch't de Noardsee in skoft mare Frisicum 'Fryske see' neamd waard. Nei de ferovering troch de Karolingyske keningen yn de rin fan de achtste iuw folge al gau in feitlik ûntwrakseljen oan dit 'sintrale' gesach, ûnder mear troch de Wytsingtiid tusken likernôch achthûndertfyftich (850) en njoggenhûndertfyftich (950), dy't dat gesach ûndermine. Fan de alfde iuw ôf kin dus sprutsen wurde fan de Fryske Frijheid of Frysk selsbestjoer, dat oant de ein fan de midsiuwen duorre. De Fryske Frijheid bestie út in rige fan autonome lânsgemeenten tusken Fly en Weser. De begripen Frysk en Frij en Frije Fries wiene hast ûnskiedber mei-inoar ferbûn en hawwe oant hjoed de dei harren spoaren efterlitten. Nei in perioade fan sintraal gesach fan sa'n tachtich jier foarme Fryslân mei de omlizzende Nederlânske provinsjes de Republyk fan ‘e Sân Feriene Nederlannen en wie it gebiet wer autonoom. De Friezen kenne de langste perioade fan ûnfrijheid sûnt de oprjochting fan it Keninkryk der Nederlannen yn achttjinhûndertfyftjin (1815). Yn de ôfrûne twa iuwen is Fryslân achterút gien fan de op ien nei rykste (nei Hollân) provinsje fan de Republyk nei in marginalisearre plattelânsprovinsje mei in trochgeand ûntlûken fan kaptaal út it gebiet.

5. Rykdom

De Friezen hawwe altyd ryk west. It fruchtbere klaaigebiet en de kânsen dy't see en rivieren beaen  foar hannel tichtby en fier wei hawwe harren kontinu wolfeart brocht. De Friezen hawwe dêrneist ek altyd in protte fee hâlden. Om seishûndertfyftich (650) nei Kristus hinne begûnen de Angelsaksen en de Friezen foar dizze hannel in sulveren muntsje fan goed ien (1) gram te meitsjen. Se setten sadwaande wer in jildsysteem yn nei't it sûnt de fal fan it Romeinske Ryk ôfbrokkele wie. De Friezen wiene masters yn it mjitten, rekkenjen en weagjen. Opfallend oan de Fryske situaasje is dat de rykdom rûnom ferdield wie. Der wie in sosjaal hegere klasse dy’t bestie út boeren mei eigen grûn en adel, mar it ferskil tusken dy beide stannen wie net hiel grut. Dêrtroch wie der in soad wolfeart, ferspraat oer in grutte groep minsken. Troch it kognatyske karakter fan 'e mienskip en it erfrjocht wie de posysje fan 'e froulju relatyf sterk. Dat betsjutte dat elke generaasje wer in nije sosjale posysje opbouwe moast. Nei achttjinhûndertfyftjin (1815) waard de Fryske rykdom hieltyd mear ôfrjemme. Earst troch it ûntbrekken fan de, meast aadlike, grutgrûnbesitters dy't yn de rin fan de achttjinde iuw ûntstien wiene en dy't nei achttjinhûndertfyftjin (1815) óf op de Feluwe lutsen wiene óf nei it nije politike sintrum yn Den Haach ferhuze wienen. Boppedat wie de nije ynfrastruktuer dy't yn de njoggentjinde iuw oanlein waard foaral rjochte op de Rânestêd. De ekonomyske krisis oan 'e ein fan dy ieu joech Fryslân in hurde klap. In protte Friezen binne nei oare plakken gien, bygelyks nei Amsterdam of Limburch om dêr wurk te finen as plysje, ûnderwizer of mynwurker. It fuortlûken fan rykdom út Fryslân sette troch yn de tweintichste iuw. Der waard gas wûn en fia de Ryksuniversiteit Grins wie der in konstante braindrain. Dochs wiene der yn dizze tiid ljochtpunten. Fryslân hat de suvelyndustry op 'e nij útfûn en it konsept fan it koöperative suvelfabryk omearme. Fryslân hat tsjintwurdich noch in protte rykdom, hjirboppe al neamd: skjin drinkwetter, suvere lucht, rike lânbougrûn en duorsume enerzjyboarnen. Ien fan de grutte rykdommen fan it moderne Fryslân is ek de mienskip: it mienskipsgefoel dat heart by in relatyf lytsskalige mienskip dy't boppedat in sterke identiteit hat. Dêrmei hearre de Friezen ta de lokkichste minsken fan Nederlân, ek al wurdt hjir net it measte jild fertsjinne.

6. Grutte útdaging

Nettsjinsteande har eigen spesifike skiednis en identiteit binne de Friezen fansels in ûnskiedber part fan en ferbûn mei it hiele minskdom en de ierde. It hiele minskdom stiet no foar de grutte opjefte om in leefbere wrâld te meitsjen en te behâlden. Om dat berikke te kinnen is it essinsjeel dat minsken sizzenskip hawwe oer har eigen libben en omjouwing.

7. Frijheid

Mei frijheid bedoele wy sawol negative as positive frijheid: dus sawol de frijheid fan alle belemmerings as de frijheid om it libben nei eigen mooglikheden foarm te jaan en de frije wil ta utering te bringen en frij te wêzen fan ynterne beheinings. Beide foarmen fan frijheid binne nedich yn elke frije en beskaafde mienskip. Frijheid giet altyd lykop mei ferantwurdlikens foar de meiminsken en de wrâld oer. Dat docht bliken út de universele gouden regel 'Behannelje oaren krekt sa ast sels graach troch harren behannele wurde wolst'. Boppedat blykt der in direkte relaasje te wêzen tusken frijheid en moraliteit. As in mienskip etysk te wurk giet, is dy frij. As minsken harren lykwols net etysk opstelle, wurde se automatysk slaven. Us etyk en ús morele gedrach hawwe dus net allinnich ynfloed op ús persoanlike frijheid, mar ek op de frijheid fan 'e mienskip as gehiel.

8. Bewustwêzen

De minske is ek in ûnskiedber part fan in bewustwêzensfjild dat erkend wurdt troch ferskate wrâldreligys en spirituele tradysjes, mar dat alle kearen oars neamd wurdt, en dat troch trening, meditaasje en ûndersyk kend en belibbe wurde kin. Dat fjild fan bewustwêzen is yntelligint en manifestearret him yn 'e materiële wurklikheid, sterker noch, yn feite is de materiële wurklikheid it resultaat dêrfan. Al it kenbere en ûnkenbere is dêr ûnderdiel fan en dêrom is alles mei-inoar ferbûn. Dat is in wêzentlik útgongspunt foar de minsken yn Frij Fryslân.

9. Nije minske

De âlde minske en de âlde maatskippij binne net mear. It minskdom is sûnder mis yn transysje. Benammen westerske minsken binne yn de lêste iuwen hieltyd fierder fan har wiere wêzen wei wurden. De wrâld ('it tiidrek fan 'e minsken') is hieltyd mear ûnttsjoend en sielleas wurden, mei as gefolch dat minsken min foar harsels en de ierde soargje. Konkurrinsje, ûntsieling, materialisme, konsumintisme en yndividualisme hawwe de minske yn in steat fan eangst, slachtofferskip en isolemint brocht. Ideaal om te kontrolearjen, mar ferneatigjend foar it minskdom en de ierde. By de transysje nei in nije wrâld, in nij tiidrek, sil de minske himsels opnij útfine moatte. Better sein: syn wiere aard en mooglikheden akseptearje, omearmje en aktivearje. Yn it boek Human by Design út twatûzensantjin (2017) jout Gregg Braden in oersjoch fan it potinsjeel fan de minske en syn fermogen om yn kontakt te kommen mei it bewustwêzensfjild dêr't wy allegear diel fan útmeitsje. Hjir komme âld en nij byinoar. De nijste, meast baanbrekkende wittenskiplike ûndersiken nei ûnder oare it aard fan it minsklik bewustwêzen, de minsklike anatomy en it fermogen ta sels-genêzing komme nammentlik opfallend goed oerien mei wat de âldste mystearjetradysjes altyd beweard hawwe. De minske stiet úteinlik tusken himel en ierde: tusken it fjild fan bewustwêzen en matearje en moat dêr in plak yn fine, mei kompassy, in iepen hert en ta syn djipste bewust fan syn ferbûnens mei alles. Dat freget ûnder oare dat de harsens yn 'e holle, it hert en de búk op ien line brocht wurde.

10. Kearnwearden

Frij Fryslân fynt de folgjende kearnwearden de wichtichste yn de kommende kertiermakkersperioade: ynteger, autonoom, oplossingsrjochte, ferbinend en holistysk. De nije Frije Fries is ynteger: hy hannelet mei respekt foar syn meiminske en hat in goed ûntwikkele weardekompas. Hy is autonoom: hy libbet neffens eigen yntegriteit en is net ôfhinklik fan de miening of ynfloed fan oaren. Dêrtroch bliuwt er altyd suver yn syn dieden en oardiel. Hy is oplossingsrjochte: hy hat in lienige geast dy't by steat is om problemen fan alle kanten te besjen en dêr in net-lineêre oplossing foar te finen. Hy is ferbinend: as frij minske beseft er dat dy frijheid nea ten koste fan syn meiminske gean kin en dat er dêrmei ferbûn bliuwe moat om dat ôf te stimmen. Ta eintsjebeslút is er holistysk: hy is him der djip bewust fan ferbûn te wêzen mei it fjild fan bewustwêzen en dat stjoert syn hanneljen. 

11. Skiednis fan Frij Fryslân

Yn jannewaris twatûzenienentweintich (2021) sammele in oantal minsken om de enoarme útdagings dêr't de wrâld no foar stiet te bepraten. Se wiene har bewust fan de skiednis fan frijheid dy't Fryslân hat en fielden hiel djip dat it no de tiid wie om wer sterker as ea te iverjen foar in autonoom gebiet om dêrmei de minske ta syn rjocht komme te litten. Foar hast gjinien fan de petearpartners stie dat los fan in dielde fyzje op it minskdom en it dêrby hearrende holistyske wrâldbyld. Uteinlik kristallisearre him dat út ta in kearnteam dat de fyzje fan Frij Fryslân yn de wrâld sette en yn de praktyk begûn út te dragen. Guon leden fan it kearnteam hiene har al desennia lang praktysk en mentaal taret op dizze tiid. Nei it lansearjen fan de webside yn augustus twatûzenienentweintich (2021) is begûn mei it opbouwen fan de Frij Fryslân-beweging. Der waarden presintaasjes jûn, der is fierder harsenskrabe, mei in hiele protte minsken en (mooglike) partners praat, der binne nijsbrieven skreaun en boppe-al: in yntinsje delsetten dy't as draachgolf tsjinne om lykstimde minsken te finen en oanheakje te litten. 

12. Parallelle ûntjouwings

De wrâldwide krisis dy't him yn 'e maitiid fan twatûzenentweintich (2020) iepenbiere kaam foar guon minsken út ‘e loft fallen, mar oaren hiene jierren earder al foarsjoen dat it hjoeddeistige maatskiplike systeem fêstrûn en wol ta in ein rinne moast, om oer te gean ta wat nijs. Hjir kinne de ynspannings fan De Coöperatieve Samenleving neamd wurde, dy't al yn twatûzenfyftjin (2015) besocht om in fûnemintele maatskiplike fernijing yn te setten, nammentlik de gebietskoöperaasje, dêr't oerheid, bedriuwslibben en ynwenners fan in gebiet ta in nij mienskiplik spylfjild komme en in nije ynteraksje, lykas útlein yn it rapport Het Rijnlands Gebiedsarrangement, twaentweintich maaie twatûzenenachttjin (22 maaie 2018). Hoekstiennen yn dat tinken binne de juridyske ferbining fan de gebietskoöperaasje oan de Omjouwingswet en it Europeesk Regionaal Belied, dy't mei-inoar romte skeppe foar it type koöperative gebietsûntwikkeling dat wy bepleitsje. Society 4.0: Resolving eight key issues to build a citizens society  troch Bob de Wit waard ek publisearre yn twatûzenienentweintich (2021). De Wit lit dêryn sjen dat de wrâld no eins echt foar in twasprong stiet. It minskdom beweecht of nei in technokratyske maatskippij kontrolearre troch in mondiale elite wêryn’t technologyske ferwurvenheden brûkt wurde om de befolking foar in grut part te kontrolearjen, of yn de rjochting fan in mienskip dêr't de minsklike skaal wer ûntdutsen wurdt, wolfeart ferspraat wurdt oer alle minsken, der is in protte desintralisearre wurdt en de sizzenskip wer yn hannen fan de minsken komt. De Wit hat neitiid in beweging yn it libben roppen dy't ûnder oare resultearre yn de oprjochting fan de koöperaasje “Coöperatieve Vereniging Society 4.0 U.A.”, dêrby bystien troch guon fan de driuwende krêften efter De Coöperatieve Samenleving. Frij Fryslân wurket graach gear mei dy inisjativen om sa de krêften te bondeljen, ynsjoch te dielen, te learen, te ynspirearjen en ynspirearre te wurden.

13. Kertiermakkersperioade

It wurk dêr’t wy yn ús regio foar steane liket grut, mar it begjint mar hiel lyts: mei leare en ûntwikkelje. Om it learen yn ferskate opsichten eksplisyt ûnderdiel te meitsjen fan ús organisaasjeûntwikkeling, begjint ús koöperaasje mei in kertiermakkersperioade fan yn begjinsel likernôch twa jier. Yn dy perioade wolle wy de koöperaasje rêd opstarte; in hechte mienskip fan leden kreëarje; de bedriuwsfiering ynrjochtsje; konsepten, produkten en tsjinsten ûntwikkelje; en dêrmei in protte leare. Wy ferbine ús dêrom yn in 'flitskoöperaasje' op grûn fan statuten dy't bewust en mei klam sa bûnich mooglik hâlden binne. Yn dit oprjochtingskarbrief beskriuwe wy dêrom bewust net de details fan ús ynterne organisatoaryske struktuer, mar ferankerje wol ús bedoeling, útgongspunten en doelstelling. Tagelyk nûgje wy belutsenen en belangstellenden út om, foarearst as aspirant-lid, har oan de koöperaasje te ferbinen en mei te tinken oer de winske statutewiziging dy't wy oer likernôch twa jier formeel by de notaris passearje litte wolle. Wy brûke de kertiermakkersperioade dus om al learend gear te wurkjen, ûnder mear by de tarieding fan dy karbriefwiziging foar de mear definitive foarmjouwing fan ús koöperaasje.

14. Eedgenoatskip

Yn dizze kertiermakkersperioade wolle wy ek ûndersykje hoe't wy mei ús leden in ferbûn oangean kinne dat liedt ta de meast optimale steat fan frijheid yn ferbûnens: wêryn't wy op grûn fan universele rjochtsprinsipes (natural law), fan ús fisy en kearnwearden, oan it universum en elkoar swarre dat wy ús persoanlike en inoars frijheid sjogge as it heechste goed en dat wy ús folslein ynsette foar it realisearjen en boargjen fan dy frijheid.

15. Undersyksopdracht

It learproses wurdt stipe troch in 'leargroeidokumint' en jout yn termen fan struktuer foarm oan in 'oergongsreglemint'. Yn de kertiermakkersperioade wurde de ynsichten dy’t opkomme yn it leargroeidokumint fêstlein oer alle wichtige ûnderdielen fan de struktuer fan ús koöperaasje, ynklusyf it bestjoer, de finansiering, it ynfoljen fan it lidmaatskip, mar wy dokumintearje ek it learen binnen de tema's. Om it learproses te befoarderjen, jouwe wy ússels in oantal spesifike (ûndersyks)opdrachten mei:

a. De ferbining mei ússels sykje en besykje de spoaren fan de 'âlde' maatskippij dy't ek wy noch mei ús drage safolle mooglik ûnder eagen te sjen, wylst wy wurkje oan it ûntwikkeljen fan in by de 'nije' mienskip passende minske, dêrmei ek nije (aspirant)leden meinimmend;

b. It operasjonalisearjen fan de hjirboppe neamde útgongspunten oangeande ús fisy, kearnwearden, bewustwêzen en de nije minske;

c. It kreëarjen fan in groeiende ledemienskip;

d. It bouwen fan in libbensfetbere ynterne organisaasje mei in krêftich, betûft, talintearre, tawijd en lykwichtich gearstald bestjoer;

e. It delsetten fan in solide finansjele struktuer en basis troch it (fierder) ûntwikkeljen fan de organisaasje en it dwaan fan ynvestearrings yn de Regio;

f. De beweeglike ûntwikkeling en strukturearring fan lidrelaasjes (ledekategoryen, rollen, rjochten en plichten), de governance, finansiering en fiskaliteit fan ús koöperaasje yn syn earste fazen fan pionierswurk en kertiermeitsjen, mei it each op de dêropfolgjende faze fan profesjonalisearring;

g. It ûntwikkeljen fan nije, passende foarmen fan wurdearring en beleanning foar bydragen oan wat kollektyf nedich is (mar miskien net altyd daliks 'ferkeapber' wêze kin), basearre op yntegriteit, rekken hâldend mei de beskikberens fan middels (ek troch  de tiid hinne) en dan rjocht dwaan oan yndividueel ferlet, ynset en prestaasje;

h. It iepenstellen foar ferbining mei eltsenien, ek mei besteande publike en private partijen dy't noch de oerstap meitsje moatte nei de nije mienskip.

i. Aktyf ûndersyk nei gearwurking mei en/of lidmaatskip yn Society 4.0 en De Coöperatieve Samenleving.