Noorderlicht: regionaal oar lûd jongfolwoeksenen Fryslân (gastbydrage)

Noorderlicht: regionaal oar lûd jongfolwoeksenen Fryslân (gastbydrage)

De jeugd hat de takomst. Se binne mei bepalend foar de libbensfetberens fan frisse parallelle inisjativen op langere termyn. Fryslân hat in groep dy't in oar regionaal lûd klinke lit: Noorderlicht. Foar en troch lykstimde jongfolwoeksenen.

Ein augustus 2021 kaam in lytse groep ûnder de rook fan Ljouwert byinoar. Se sochten ferbining fanwegen de tanimmende polarisaasje yn de mienskip yn ‘e ôfrûne twa jier. De measten koenen inoar noch net. Mear as seis moannen letter is de groep útgroeid ta in moaie miks fan mear as hûndert lykstimde jongfolwoeksenen, wêrfan mear as tritich tige aktyf binne.

Lykstimd betsjut net dat elkenien op syk is nei itselde ding. De motivaasje om aktyf te wêzen foar Noorderlicht ferskilt dan ek. Fysyk nije minsken kennen leare is de wichtichste reden, om't guon fan harren wat fan har sosjale kontakten kwytrekke binne. Oaren sykje lykstimden as stipe yn ‘e rêch yn tsjustere dagen, om ynformaasje en ûnderfiningen út te wikseljen of om mei elkoar parallelle plannen foar de takomst foarm te jaan. Der binne dêrom, neist in algemiene chat en aginda, ferskate subgroepen, lykas in alternatyf mediahûs, parallele ‘samenleving’, religy, demonstraasjes en in jonge âldergroep.

Alle wiken stiet der in aktiviteit op de aginda. Dat is oant no ta meast yn Ljouwert. Foarbylden binne húskeamersesjes oer selsûntwikkeling, of aksjes om lykstimde ûndernimmers te supporten. Ek feestjes hearre dêr by: in poerbêste manier om inoar goed kennen te learen foardatst yntinsiver boust oan de takomst.

Yn 2022 set Noorderlicht yn op mear sichtberens. . De ferwachting is dat it tal leden dêrtroch tanimme sil en ek de sprieding fan moetingskânsen yn hiel Fryslân. Ek is ferbining makke mei sustergroepen yn it lân. Soartgelikense groepen dy’t alle wiken aktyf binne bestean al yn Utert, Amersfoort en Grins. Fan dizze fjouwer is Noorderlicht de grutste en aktyfste. Unyk dus yn Fryslân en Nederlân!

Noorderlicht stiet iepen foar nijkommers tusken de 18 en 35 jier. Bist dochs krekt wat jonger of âlder, of wennest krekt bûten Fryslân, nim dan gerêst kontakt mei ús op. Der is in smûke en tagonklike sfear. Dielnimme is frijbliuwend, hoewol't leden dy't op gjin inkelde wize aktyf binne nei in skoftke frege wurde oft de groep wol is wat se ferwachte hawwe.

Ek ynteressearre? Of nijsgjirrich nei mear ynformaasje? Sjoch op de instagramside fan Noorderlicht Friesland of mail nei Noorderlichtfriesland@protonmail.com.