Nei in alternative finansiering fan sûnens

Nei in alternative finansiering fan sûnens

Binnen Frij Fryslân wurdt socht nei nije wizen om foarm te jaan oan de soarch foar sûnens en ek om dy te finansieren. Oer dat lêste giet dit artikel. Reguliere sûnenssoarch is djoer. De syktekostefersekering wurdt alle jierren djoerder en ek de kosten fan de sûnenssoarch rize de panne út, wylst de soarch sels útklaaid wurdt en yneffisjenter liket te wurden en fersekeringsmaatskippijen stevige winsten meitsje. Boppedat wurde in soad alternative behannelingsmetoaden net fergoede.

De reguliere genêskunde is fierder noch tige basearre op in atomistyske en meganyske oanpak fan it minsklik lichem en de minsklike sûnens. Der wurdt gau in (allopatysk) medisyn foarskreaun. Benammen âldere minsken kinne mei ferskate klachten kampen en by ferskate behannelers rinne, wêrtroch 't sy alles byinoar in flinke hoemannichte pillen foarskreaun krije wêrby 't der net altyd op letten wurdt of dy medisinen har wol kombinearje litte. Der falt koartsein in soad te ferbetterjen oan it hjoeddeistige stelsel

Kearnwearden

As we fanút de kearnwearden fan Frij Fryslân in alternative fyzje op sûnens en de finansiering fan sûnenssoarch besykje op te stellen, dan docht bliken dat dat net yngewikkeld is. De kearnwearden binne hiel goed te ferbinen oan it tema sûnenssoarch. 

  • Ynteger: dokters en alle professionals binnen de soarch moatte har ynteger hâlde. Dokters hawwe de eed fan Hippocrates ôflein en der binne ek oare etyske koades dêr 't ferskate professionals har oan hâlde moatte soene.
  • Autonoom: dit slacht sawol op de behannelers as de minsken dy't behannele wurde. De lêsten soene de ferantwurdlikheid foar harren sûnens sels nimme moatte en harren lot net samar yn de hannen fan in dokter lizze moatte.
  • Oplossingsrjochte: der is folle mear mooglik as dat wy no tinke. De minsken dy 't har binnen Frij Fryslân mei dit tema dwaande hâlde, binne kreatyf op syk nei oplossings.
  • Ferbinend: in aspekt hjirfan is dat in sterk sosjaal netwurk al genêzend en sûnensbefoarderjend wurket.
  • Holistysk: dat is ien fan de wichtiger kearnwearden yn dit ferbân. In holistyske oanpak fan sûnens sil ús in hiel soad opsmite. Dêroer hjirûnder mear.

De wurkgroep dy 't him mei de finansiering fan de sûnenssoarch dwaande hâldt, is op dit stuit ta de folgjende ynsichten kommen. Wy kinne fêststelle dat de hjoeddeistige syktekostefersekering djoer, ferplichte en faak net passend is. Ut dizze analyze wei hawwe wy oan ’e iene kant sjoen oft der foar de koarte termyn oantreklike alternativen foarhannen binne en oan ’e oare kant in skets opsteld fan hoe ’t in alternatyf op de langere termyn der binnen Frij Fryslân útsjen kinne soe.

Alternativen op de koarte termyn 

Der binne op dit stuit al in tal alternativen op it mêd fan sûnenssoarch en de finansiering der fan. Wy litte der hjirûnder trije de revu foarby komme.

Beter in de Buurt

As earste is der it inisjatyf Beter in de Buurt. Under dizze koepel falle in tal inisjativen: Vitaliteit in de Buurt; Educatie in de Buurt; Voeding in de Buurt; Diensten in de Buurt. Foar dit artikel binne de inisjativen Better yn de Buurt en Vitaliteit yn de Buurt relevant. Alle inisjativen fan Beter in de Buurt geane lykwols út fan itselde prinsipe (sitaat fan webside): 

“Elk ûnderdiel hat in platfoarm dêr ’t je tsjinsten oanbiede en ôfnimme kinne op basis fan de wearden fan it manifest. Elkenien is wolkom yn dizze feilige leef- en wurkomjouwing wêrby 't op in betroubere en transparante wize tsjinsten ferliend wurde. Hjirmei kreëarje we kollektyf in ûnôfhinklike mienskip."

De kearn fan wêr 't it by Beter yn de Buurt dus om giet is om minsken, professionals en soarchôfnimmers, mei-inoar yn kontakt te bringen troch in platfoarm, Qustify. Hjiroan is troch it team fan Beter in de Buurt, ûnder lieding fan inisjator Paul Hager, fyftjin jier wurke.

Yn it ramt fan dit koarte artikel wie it net mooglik om in wiidweidige analyze út te fieren fan de foar - en neidielen fan it konsept Beter in de Buurt. Dêrom beheine wy ús ta in pear opmerkingen. WIj trune elkenien oan om it inisjatyf sels fierder te besjen as it in snaar rekket. Inkelde fan de foardielen binne dat Beter in de Buurt in behoarlik robúst platfoarm biedt en dat it minsken frijbliuwend mei-inoar yn kontakt bringt op basis fan autonomy en ferbining. De neidielen binne dat it inisjatyf ticht tsjin it besteande systeam oanskurkt (wat foar in part te begripen is sjoen hoe yngewikkeld as it hjoeddeistige soarchsysteem is) en dat deer in beskate ôfdracht foar it inisjatyf frege wurdt (likernôch 5%) foar de makke kosten: it is in kommersjeel inisjatyf. 

GezondheidsCoöperatief Nederland

Twad is der it GezondheidsCoöperatief Nederland (GCN ). It is oprjochte nei de ûnderfining fan inkelde minsken dat de sûnenssoarch dy 't se winsken om ta genêzing te kommen net fergoede waard út it hjoeddeiske stelsel wei. De twa pylders fan GCN binne in GezondheidsFonds dêr 't minsken yn partisipearje kinne en lytsskalige Schenk-Kringen, dêr 't minsken direkt kontakt mei-inoar hawwe. 

It GezondheidsCoöperatief giet fierders út fan in oantal noarmen dy’t op basis fan harren wearden opsteld binne” (boarne: webside): 

  • Tsjinstber wêze oan it minsklik belang.
  • It mei elkoar omgean is bassearre op fertrouwen, earlikheid en oprjochtens.
  • Elk minske hat de frijheid fan kiezen om nei eigen ynsjoch ynhâld te jaan oan syn libben en sûnens.
  • Elkenien praat út de eigen ûnderfining wei.
  • Elkenien hat in learende hâlding út selsrefleksje en ferbining wei.
  • Ekspertize en inerlik ynsjoch ferkrigen út yntroynspeksje wei, binne it liedende prinsipe.
  • Jild, systemen, organisaasjestruktueren en teoryen binne in middel.
  • Hanneljen fanút leafde  is ít antwurd op de útdagings fan de maatskippij fan hjoed.”

Tsjin in ienmalige ynlis en in moanlikse kontribúsje kinst lid wurde fan in Schenk-Kring, dy 't lytsskalich is en dêr 't minsken elkoar kenne, fertrouwe en foar inoar soargje. Dêrneist wurde je lid fan it lanlike GezondheidsFonds. De twa lidmaatskippen binne dus oaninoar keppele. It lid wurde fan in Schenk-Kring giet fia in tal kennismakkings, wêrnei ' tst beslisse kinst al of net lid te wurden. Watst mei-inoar mooglik makkest is alternative, gjin reguliere sûnenssoarch.

Solidariteitsmienskip Artabana Nederland

Tred is der de Solidariteitsmienskip Artabana Nederland (SAN). Artabana liket yn in soad opsichten op it hjirboppe neamde GezondheidsCoöperatief Nederland. Artabana is yn rjochtsfoarm in feriening. Ek Artabana driuwt op lokale groepen en in oerkoepeljend, Nederlânsk, needfûns dat oansprutsen wurde kin. It wurd solidariteit sit al yn de namme fan de beweging. Artabana is in mienskip dêr 't ûnderlinge help bean wurdt. It is dus wat breder en rommer definiearre as sûnenssoarch, mar dat is wol in hiel wichtich ûnderdiel. Dat binne de útgongspunten (boarne: website):

“ De erkenning fan it yndividu en syn unisiteit, dat wol sizze dat elk minske op in eigen wize siik wurdt en syn / har eigen wei nei werstel nedich hat.

  • Sykte is in útdrukking fan it lot yn immens persoanlike libben.
  • De mienskip ûnthâldt him fan oardieljen en it jaan fan advys oer de syktesituaasje fan de yndividuele minske.
  • Frije kar fan terapeutyske ynstellingen, behannelmetoaden en behannelers by sykte.
  • Frijwillige finansjele stipe om sa mooglik tagong te krijen ta de keazen behannelmetoaden.

De mooglikheid dat frije, yndividuele ekonomyske ôfspraken makke wurde kinne tusken pasjint en terapeut (of de terapeutyske ynstelling).” 

Koartsein: der binne op dit stuit ferskate inisjativen dy ’t binnen Nederlân operearje en lokale groepen kenne en dy’t op basis fan ûnderlinge solidariteit en in beskate moanlikse bydrage alternative of wol oanfoljende sûnenssoarch besykje te realisearjen.

Alternativen foar de langere termyn binnen Koöperaasje Frij Fryslân 

Der wurdt binnen it tema Sûnens fan Frij Fryslân - foar in part ynspirearre troch boppesteande inisjativen - hurd neitocht oer hoe 't de finansiering fan sûnens binnen de koöperaasje oppakt en foarmjûn wurde kin. De útgongspunten binne: it koöperative tinken, solidariteit, en ûnderlinge ferbûnens, mar ek: in soad omtinken foar in holistyske oanpak fan sûnens. 

Wat dat oanbelanget binne de konsepten Positieve Gezondheid en Integrative Medicine hiele goede útgongspunten. Sûnens is ommers net ien, meganysk-lichaamlik ding, mar de sûnens fan in minske ken in soad aspekten en ynfloeden (sjoch de website fan it ynstitút foar Positive Sûnens / Institute for Positive Health by de links by dit artikel).

Fryslân as Blue Zone 

Je soene sizze kinne dat it it stribjen fan Frij Fryslân is om in saneamde Blue Zone te kreëarjen yn hiel Fryslân. Dêr 't minsken sa lokkich en sûn binne, dat se ta hege âlderdom komme en de kosten fan de sûnenssoarch leech binne. As dit slagget dan sil dat bewustwêzenferhegjend wurkje.As minsken harren goed fiele, sûn binne en sosjaal goed ferbûn binne hawwe sy enerzjy en tiid om ta hegere nivo's fan bewustwêzen te kommen en dat sil op syn beurt in posityf effekt hawwe op yndividuën en de hiele mienskip. 

It mei dúdlik wêze dat wy dêr noch net binne. Mar as de fyzje dúdlik is, iepenbieret de rûte him faak.