Kom nei de temadei Autonoom Wenjen!

Kom nei de temadei Autonoom Wenjen!

De Autonoom Wonen werkgroep ûndersiket wenfoarmen wêr't minsken mei elkoar soargje foar wat noadich is en wêr 't wenjen en libjen yn harmony mei de natuer sintraal stiet. De Frij Fryslân temadei Autonoom Wonen stiet yn it teken fan inoar moetsje, ynspirearje en kennis diele.

Der is in soad ynteresse yn it tema - dat die al bliken út it entûsjasme by it Frijheidsfestival en de grutte respons op de enkête dy 't wy twa moannen lyn dielden. It doel dêrfan wie om te ynventarisearjen hokker alternative wenwinsken der libje. We tankje elkenien dy 't de muoite naam hat om dizze yn te foljen! Ut de enkête docht ûnder oare bliken dat 74% fan de minsken graach meibouwe wol en in oantal fan harren al dwaande is mei eigen weninisjativen. Fierder is ek dúdlik wurden dat minsken graach mei lykstimden yn kontakt komme. Dêrom nûgje wy dy fan herten út foar dizze dei!

Datum en lokaasje: 19 februaris 2023, Rufus aan het Water, Bloksleat 8, Broek, sjoch ek https://www.rufus.nl.
Tagong is op basis fan frijwillige donaasje. Kofje, tee en oare drankjes binne tsjin betelling te krijen.

Doelen fan de dei

Wy kreëarje dizze middeis in ynspirearjend moetingsplak foar ynteressearren yn it tema Autonoom Wonen. It tema is breed en winsken en ferlet binne fariearre. Wy biede gelegenheid om op dielûnderwerpen te ferbinen, inoar te ynspirearjen en om dyn fraach kenber te meitsjen (tink oan: grûn, gebou, meibewenners, jild, ensfh. ). Wa wit trefst lykstimden, krigest in triuwke en nedige kennis om in start te meitsjen. 

Fierder draacht dizze dei by oan de ûntwikkeling fan it tema Autonoom Wonen binnen Frij Fryslân. Op dit stuit is der ien wurkgroep binnen it tema aktyf. It is goed mooglik dat út de parallelle sesjes wei nije wurkgroepen formearre wurde. 

Bist dy oan it oriïntearjen op mooglikheden foar autonoom te wenjen? Wolst bydrage oan it tema? Witst sels noch net krekt wat dyn bydrage wêze kin? Dan is dizze middei in goed startpunt. Der is genôch romte om oer de ferskate ûnderwerpen en mooglikheden yn petear te gean.

Programma

12:30 Ynrin

13:00 – 14:00 Plenêre sesje mei presintaasjes

  • wolkom, doel en opset fan de dei
  • koarte presintaasje Frij Fryslân en it tema Autonoom Wonen
  • ynspiraasje troch Wim Driessen: oer Rufus a / h Water
  • ynspiraasje troch Sanne Raes: oer (e)cohousing
  • yntroduksje sesjes en deifoarsitters
  • fragen

14:00 – 14:30 Skoft en sesjes kieze

  • leden dy't al aktyf belutsen binne, binne oanwêzich foar fragen
  • Ynskriuwe foar twa sesjes

14:30 – 15:30 Sesje 1

  • kennismeitsjen
  • presintearje doelen fan de sesje
  • ynput fan dielnimmers
  • folgjende stappen beprate

15:30 – 16:30 Sesje 2

  • kennismeitsjen
  • presintearje doelen fan de sesje
  • ynput fan dielnimmers
  • folgjende stappen beprate

16:30 – 17:00 Plenêre weromkeppeling

17:00 – 17:30 Buorrel

Sessys

Do kinst alfêst dyn ynteresse foar dieltema’s kenber meitsje yn it ûndersteande ynskriuwformulier. De middeis kinst twa sesjes kieze dêr'tst oan meidwaan wolst.

  1. Mienskipspleats
    Binnen Frij Fryslân wurde mooglikheden ferkend om mei-inoar in Mienskipspleats te realisearjen. Dit is in fysyk plak dat as proeftún tsjinnet foar ferskate tema’s, tink oan it realisearjen fan in itensbosk, it oanbieden fan romten foar konsulten, workshops en lêzingen, it ferwurkjen fan iten, in lytsskalich skoalle inisjatyf, ensfh. Fierder kinst tinke oan wenten of apparteminten. Wy binne û.o. op syk nei doggers en tinkers: minsken mei organisaasjekrêft, bedriuwskundich ynsjoch en kontakten mei gemeenten.
     
  2. Ferbinen rûnom ferskate inisjativen en wenfoarmen 
    Der binne ferskate autonome wenfoarmen te ûnderskieden. Ut de enkête docht ek bliken dat der ynteresse is nei ferskate foarmen en inkelde minsken wurkje al oan in projekt. Tink oan :
    * it transformearjen fan in pleats mei apparteminten 
    * oankeap fan in camping / rekreaasjeterrein 
    * erfdielen 
    * ekodoarpen 
    Troch it matchen fan ynteresses en al besteande projekten kinne der sesjes ûntstean. Jou yn it ûndersteande formulier alfêst oan wêr ' tst nei op syk bist (meibewenners, kennis, ensfh. ).
     
  3. (e)cohousing - hoe realisearrest in mienskiplike wenfoarm?
    Sanne Raes is ekspert op it mêd fan Collectief Particulier Opdrachtgeverschap (CPO ). Se is mei-inisjatyfnimmer fan in projekt wêryn 't in pleats mei trije grutte skuorren op in terrein fan goed in hektare omtsjoend waarden ta in duorsume wenmienskip. Der binne yn totaal fyftjin apparteminten realisearre, yn ien dêrfan wennet se sels. As (ûnderfinings)saakkundige besprekt se mei ús har ûnderfining, lessen en tips om gear-weninisjativen hinne. Sjoch foar mear ynformaasje oer Sanne op https://esraconsultancy.nl/over.
     
  4. Duorsum bouwe en ferbouwe
    In pear ideeën dêr ’t oan wurke wurde kin binnen dit dieltema: 
    * yn kaart bringen fan moaie duorsume wenningkonsepten fan Fryske bedriuwen. 
    * ûntwikkelje fan duorsume boumaterialen: himp, strie, liem, ensfh. 
    * menukaart fan oplossingen foar autonoom wenje, tink oan wetterfoarsjenning, enerzjyfoarsjenning, ensfh. 
    * ferbouwen fan dyn besteande wenning: gebrûk fan duorsume materialen 
    By dy sesje silst yn petear oer hoe 't it tema Duorsum bouwen en ferbouwen foarm te jaan yn Frij Fryslân en kinst ferkenne oftst hjir sels in aktive rol yn spylje wolst. 
     
  5. Autonome mienskip yn dyn hjoeddeiske doarp / strjitte / wyk
    It grutste part fan de maatskippij sil net yn nij kreëarre wenmienskippen en ekodoarpen wenje wolle of kinne. In soad fan wat der oanwêzich is yn autonome wenfoarmen is ek te realisearjen yn de hjoeddeistige doarpen, strjitten en wiken. It kin gean oer itenssekerheid, edukaasje en mienskip. In grientetún kin in startpunt wêze, bygelyks mei in mienskipsromte as winkel - en moetingsplak of in itensbosk.

    Tink en praat mei oer hoe'tst inoar fine kinst, watst dwaan kinst en hokker tools oftst ûntwikkelje kinst om minsken te ynspirearjen. Mooglik komme dêr konkrete ideeën út om fierder út te wurkjen yn in wurkgroep.

Der kinne op de dei sels noch oare ideeën of inisjativen ûntstean. It tema sil yn it kommende jier fierder trochûntwikkele wurde troch de minsken yn de Autonoom Wenjenmienskip yn Frij Fryslân. Hast sels in inisjatyf dêr'tst fan tinkst dat it libbensfetber is en wêrmei'tst yn in groep oan de slach wolst? Dan kinne je dat oanjaan yn it oanmeldformulier hjirûnder.

Spitigernôch, it maksimum oantal oanmeldingen is berikt.

links

Vragen? Mail ons!