Ynrinmoandei nije styl - mei fideo

Ynrinmoandei nije styl - mei fideo

De ynrin op de moandei hat in metamorfoaze meimakke. In nije lokaasje, nije tiden en mear aktiviteiten op ien neimiddei en jûn. Yn dit artikel fertelle wy der mear oer.

Kinst nei in hast in jier al fan in tradysje prate? Foar in soad minsken fielde it wol sa. Fan febrewaris 2022 oant jannewaris 2023 organisearren wy alle moandeis in Frij Fryslân ynrinjûn yn húslike sfear. Oft it no Peaske wie of Twadde Krystdei, op moandeitejûn stie de doar iepen en wie der kofje en tee en letter op de jûn bier, wyn, in sapke en in hapke. Ek leden namen geregeld lekkers mei. Ut en troch waard de bar folle mei eksoatysker produkten, lykas in tray kokosyochert, trije grutte doazen paprika's of oare restanten dy 't gau op moasten. Op de bar stie in donaasjepot. Altyd wie der genôch.

It wolbekende whiteboard 

It tal oanwêzigen groeiden mei it ferstriken fan de moannen. It whiteboard, dêr 't alle foarnammen fan oanwêzigen op stiene, tsjûge hjir fan. Hiel handich as geheugensteuntsje. Yn 'e lêste moannen holden wy healwei de jûn in foarstelrûntsje. Elkenien fertelde koart wa 't hy / sy wie en wêr 't hy / sy har mei dwaande hold. Dat late faak ta werkenning of wie reden om mei dy persoan yn petear te gean. As wy alle gasten optelle, hawwe der yn dy tiid sa 'n 300 yndividuen del west. Der wiene ek stamgasten, dy 't wike yn wike út fan de partij wiene. En alle wiken foel wol de term 'waarm bad'. Koest de klok der op lyksette.

Ut ús jaske 

Uteinlik groeide de ynrinjûn út syn jaske doe 't wy hast alle moandeis tusken de 30 en 35 minsken ferwolkomje koene. It waard tiid om út te sjen nei in nije lokaasje. Ek wie Frij Fryslân ta oan in nije faze, wêryn 't de mienskip inoar better moetsje koe én leden mei-inoar oan de slach koene. Der wie nammentlik ek in flink tal wurkgroepen start yn de twadde helte fan 2022. It gefolch fan dy ûntwikkelingen wie dat minsken somtiden allinnich de minsken fan harren eigen wurkgroep koene.

Nije lokaasje 

De nije lokaasje waard úteinlik krekt bûten it sintrum fan Ljouwert fûn. In moai wykgebou mei in grutte seal mei bar, in lytsere seal foar lêzingen en workshops en in goed útriste keuken en ferskate romten dy 't passe by de aktiviteiten fan de wurkgroepen. Wy iepenen de doarren foar it earst op 6 maart mei in oefenjûn. Op 20 maart wie de offisjele iepening. Sûnt dy tiid hâlde wy in skema fan twa wiken oan. It gebou is iepen fan 17.00 oere ôf en slút om 23.00 oere. Om healwei sânen wurdt der waarm iten servearre.  Us koks binne allegearre aspirant-leden. Hja besykje om sa budzjetfreonlik mooglik in sûn miel op 'e tafel te setten.

Moetsje en mei-inoar bouwe 

Troch ferskate aktiviteiten te kombinearjen, lykas it gearkommen fan wurkgroepen en it Iepen Kafee, komme der no gemiddeld 60 oant 100 minsken op in ynrin nije styl. Ek biede wy de mooglikheid om Frilingbestellingen ôfhelje te kinnen. In ferkeaphoeke dêr 't produkten ferkocht wurde kinne - bygelyks fan oansletten bedriuwen - is yn ûntwikkeling. 

Werom nei donaasjes 

Alhoewol 't Frij Fryslân hier betelje moat per ôfnommen romte en drankjes ôfrekkene wurde moatte mei de hierbaas, hawwe wy nei in pear wiken besletten alles wer op basis fan donaasje te dwaan. Yn ús ynterne nijskanaal foar leden publisearje wy nei alle moandeis de einstân fan de ynrin: wat hat it koste oan hier en drankjes, en wat siet der yn de donaasjepot? Wy hoopje sa in bewustwêzen by de minsken te kweken. En tagelyk meitsje we it mooglik dat elkenien wolkom is, hoe tsjok of hoe smel de beurs ek is.

Workshops en lêzingen 

No 't de lytse seal ek folslein beskikber is (dat wie de earste wiken noch net it gefal) sille wy de kommende perioade in nijsgjirrich programma fan lêzingen oanbiede sille, dat ek net-leden oanlûke kin. Op dy wize kinne sy yn kontakt komme mei de fyzje, doelen en aktiviteiten fan Frij Fryslân. 

Wolst delkomme?

Wolst in kear delkomme? Je binne fan herte wolkom. Wy freegje dy dan wol om dy oan te melden fia info@frij.frl. Jou dan ek oan oftst meiite wolst: dan kinne wy dêr rekken mei hâlde.

links

fideo

Vragen? Mail ons!