Fryslân hat goud yn hannen

Fryslân hat goud yn hannen

Ek yn 2021 waard de saneamde ‘Fryske paradoks’ wer befêstige. Dat kin konkludearre wurde nei it lêzen fan it rapport ‘Leven in Fryslân, editie 2021‘ fan it Fries Sociaal Planbureau.De Fryske paradoks hâldt yn dat yn Fryslân de minsken it meast gelokkich binne wylst hjir net it meast fertsjinne wurdt… Oeral yn Nederlân lizze de gelokssifers leger. De paradoks, skynbere tsjinstelling, sit him der yn dat by ús de fermogens en ynkommens leger lizze. De gongbere materialistyske opfetting is dat minsken troch in leger ynkommen ek minder lokkich binne. Fryslân toant dus oan dat gelok te finen is yn net-materiële saken as in moai lânskip, de sosjale kohesy, ferbûnens en identiteit en de ferhâlding tusken wurk en frije tiid… In nijsgjirrige konstatearring yn in tiid dat minsken harren bewust wurde dat oare wearden as jild en guod belangryk binne.

Ferbûn mei Fryslân en identiteit 

It persintaazje minsken dat grutsk is op de eigen provinsje leit yn Fryslân mei 73% folle heger as dat fan Nederlân as gehiel (41%). Dat soe gearhingje kinne mei it Frysk: yn 2021 prate 57% fan ‘e ynwenners fan Fryslân faak of altyd Frysk. Ynwenners fan Fryslân binne ek folle mear ferbûn mei de provinsje as yn oare provinsjes: 74% versus 44% foar de rest fan Nederlân. 

It is wol sa dat der in tal bedrigings binne as it giet om de sprieding fan de befolking. Sa liedt befolkingsgroei yn de gruttere plakken ta mear ferkear, drokte en minder grien wylst op it plattelân sprake is fan it sluten fan skoallen en foarsjennings en it ûntstean fan sterk fergriisde doarpen. Der kin konstatearre wurde dat de polityk net in soad docht om huzen te bouwen yn de doarpen, om de leefberens oerein te hâlden. Wat kinne ynwenners sels dwaan om dêr oan by te dragen? 

Lokkich 

Friezen fiele harren net allinnich mear ferbûn mei it gebiet dêr’t se wenje, se binne ek lokkiger as oaren. Yn 2019 is 90% fan ‘e ynwenners fan Fryslân tefreden mei harren libben (Nederlân 87%). 90% fan ‘e ynwenners fan Fryslân beskôget him- of harsels as (hiel) lokkich (trochsnee yn Nederlân 88%). Gemiddeld wurdearje ynwenners fan Fryslân harren lok mei in 7,9.  Fan ‘e ynwenners fan Fryslân fynt 81% de eigen sûnens (tige) goed (Nederlân 79%). Yn 2020 jouwe ynwenners fan Fryslân in 7,8 as rapportsifer foar harren psychyske sûnens. En as it oer leefberens giet dan jouwe de Friezen in 7,8 as rapportsifer (metten yn septimber 2020). 

Lok soe ek te krijen hawwe mei de ferhâlding wurk en frije tiid. En wat minsken dan yn harren frije tiid dogge. 76% fan de ynwenners fan Fryslân is tefreden mei hoefolle frije tiid men hat (Nederlân as gehiel 74%). Fryslân is dúdlik de provinsje mei it heechste persintaazje frijwilligers (54%). Lanlik is dat 47%. 

Wurk en ynkommen 

Lange tiid wie it sa dat der in hegere wurkleazens yn Fryslân wie as yn oare provinsjes. En dat in soad Friezen nei oare regio’s gongen om wurk te sykjen. Dat is net mear sa. Mar it ynkommen en mooglik mei dêrtroch it fermogen fan de ynwenners fan Fryslân leit wol leger as earne oars. 

Yn 2020 binne der 301.000 banen yn Fryslân, 4,5% mear as yn 2010. 68,3% fan de beropsbefolking tusken 15 en 75 jier yn Fryslân wurket. Dat is sawat ferlykber mei it lanlike byld. It wurkleazenspersintaazje leit yn Fryslân no op itselde nivo as lanlik (3,8%). As it giet oer it gemiddeld te besteegjen ynkommen per húshâlden is dat yn Fryslân yn 2019 € 28.800; leger as it trochsnee fan Nederlân (€31.400). It trochsnee fermogen fan húshâldens leit yn Fryslân op € 165.300. Yn Nederlân is dat € 196.500. 

It is ek sa dat in protte jong talint Fryslân ferlitte moat, omdat hjir gjin eigen, brede, klassike universiteit is… Dêrom wurdt fansels ek in 4,7 jûn as rapportsifer foar it oanbod oan universiteiten. Benammen jongere minsken geane dêrom út Fryslân wei: yn 2019 wie it netto migraasjesaldo yn de leeftydskategory 15 oant en mei 29 jaar -859. It persintaazje heger oplaten yn Fryslân (27%) is troch it gemis fan in universiteit leger as yn trochsnee (33%). En it oandiel WO-studinten is mei 6% folle leger as lanlik (24%). 

It hawwen fan in eigen universiteit yn Fryslân, ien fan de útgongspunten fan Frij Fryslân, soe der foar soargje dat de ‘braindrain’ fan jonge minsken út Fryslân tsjingongen wurdt. En dat heechweardige wurkgelegenheid, mei goede ynkommens, ek yn Fryslân befoardere wurdt. Sa wurkje de ûnderskate saken op elkoar troch. 

It oantal lânboubedriuwen yn Fryslân is sûnt 2000 sterk werom rûn (mei 41%). It tal bedriuwen is folle sterker ôfnommen as it oerflak oan lânbougrûn. Dat betsjut dat in grutte skaalfergrutting plakfûn hat. Lytse bedriuwen meitsje plak foar gruttere bedriuwen. Dat hat fansels konsekwinsjes foar it lânskip. Mar hoe sit it mei de takomst fan de agraryske sektor? Wat betsjut it dat der folle minder boeren binne, mei mear regels en in polityk dy’t hieltyd mear saken opleit? Is der noch takomst foar de boerestân en wat betsjut dat foar de itensfoarsjenning? Hoe wurkje de ynwenners fan Fryslân der oan om goed en sûn iten út de regio te hawwen mei in goed ynkommen foar de boer? It mei hoopjaand wêze dat oeral, op lokaal nivo, itenskoöperaasjes ûntsteane en dat de direkte ferkeap fan de boer oan de konsumint tanimt.  

Konklúzje

Fryslân hat goud yn hannen mei alles dat hjir is. Dat kin konkludearre wurde nei it lêzen fan it boppeneamde rapport fan it Fries Sociaal Planbureau. Op sawat alle ûnderwerpen, útsein ynkommen en fermogen, docht Fryslân it better as alle oare provinsjes en dêrmei as hiel Nederlân. De útgongspunten binne dus perfekt om as Friezen sels ús takomst foarm te jaan. Yn in Frij Fryslân, dêr’t de minsklike mjitte wer foarop stiet en de ynwenners oan it stjoer komme.