Fryslân blue zone

Fryslân blue zone

Lokkich, fitaal, sûn en lang libje. Is dat net wat de measte minsken wolle? Der binne in pear plakken op de wrâld dêr’t it de ynwenners slagget om dat tige suksesfol te dwaan. Dy plakken wurde ‘blue zones’ neamd. It giet om Barbagia yn Sardinië, Ikaria yn Grikelân, Nicoya yn Costa Rica, Okinawa yn Japan en as lêste de Sânde Dei Advintisten yn California yn Amerika.

Fansels is der stúdzje dien nei dy befolkingsgroepen. Wat dogge dizze minsken oars as oare minsken op de wrâld en wat kinne wy dêr fan leare? De formule is gear te fetsjen yn in oantal prinsipes (sjoch it listke oan ‘e ein fan dit artikel). It komt del op: regelmjittich mar net yntinsyf bewege, goed en mei mate ite en drinke, en de goede ferbannen ûnderhâlde mei famylje en freonen.

Kin Fryslân in bloeizone wurde?

Sjoen it feit dat ûndersyk útwiisd hat dat de Friezen it lokkichst binne yn Nederlân, hat de koalysje fan deputearre steaten de begripen ‘lok’ en ‘brede wolfeart’ as kearn nommen fan it nije bestjoersakkoart foar de perioade 2019-2023.

It is net gek dat it begryp blue zone ek adresseard wurdt:

“[...] Hoewel Friezen de  leefbaarheid van hun omgeving hoog waarderen zijn er knelpunten. Veel kinderen doen niet aan sport. De helft van de volwassenen is te zwaar. Eveneens de helft heeft  chronische aandoeningen en de vraag naar huisartsenzorg is de afgelopen jaren met ruim 20% gestegen. Ten slotte bestaat op het platteland ontevredenheid over de kwaliteit van sociale contacten. Wij willen met Fryslân de mogelijkheden verkennen of elementen uit de ‘Blue zone’ aanpak passen bij Fryslân en kunnen helpen om de genoemde knelpunten te verminderen. [...] Onze rol daarbij zien we als partijen bij elkaar brengen en verbinden of een campagne meefinancieren.”

Mei oare wurden: alhoewol’t de Friezen lokkich binne en harren omjouwing posityf wurdearje binne der frijwat problemen mei de individuele sûnens fan de Friezen. Se hawwe lykas de ynwenners fan Nederlân en fan in soad Westerske lannen lêst fan gronyske krupsjes en wolfeartssykten.

Ien fan de meast oansprekkende inisjativen is nommen troch húsdokter Jon Brouwers fan Bakkefean. Sy wie op ‘e hichte fan it fenomeen Blue Zone en besocht dat fjouwer jier lyn yn ‘e praktyk te bringen yn har wenplak Bakkefean. Se begûn mei minsken bewust te meitsjen fan de problematyk: dat harren libbensstyl effekt hie op harren wolwêzen en sûnens.

Troch in gelokkich tafal en bondeling fan krêften ûntstiene yn Bakkefean allerhanne inisjativen - mei elkoar kuierje, iten siede, in tún ûnderhâlde - dy’t allegear oanslueten op de blue zone filosofy. (Sjoch de link nei de dokumintêre fan Omrop Fryslan DOK). De earste risseltaten yn Bakkefean sjogge der dan ek goed út. Minsken fiele harren better. Brouwers sjocht dat se minder minsken mei klachten yn de praktyk krijt. Ek wurde minsken op spesjale dagen metten en woegen, en dêrút docht bliken dat de algehiele sûnens foarút giet. In pear minsken binne fan harren diabetes ôfkommen troch better te iten en gewicht te ferliezen.

Bloeizone Fryslân

De  provinsje Fryslân hat mei it each op it bestjoersakkoart yn gearwurking mei it ‘Healthy Ageing Network Northern Netherlands’ prikken yn it wurk steld om de blue zone oanpak út te wurkjen foar Fryslân. Dêr kaam de term en oanpak Bloeizone út. De seis prinsipes dy’t hjiroan keppele binne lykje bot op dy fan de Blue Zones: aktyf boargerskip, sûne omjouwing, aktyf ûntspanne, sûne mobiliteit, sûn wenjen en sûn iten.

Fia de paraplu fan it platform ‘Doe je mee’ fan de soarchfersekeraar De Friesland binne der no fiif plakken dy’t wurkje oan in bloeizone: neist Bakkefean binne dat Ljouwert, Heeg, Eastermar en Sint Nyk.

Om koart te kriemen bart der dus al wol it ien en oar yn Fryslân om hieltyd mear blue zones of Bloeizones ta stân te bringen. Mar dat kin folle mear wurde. It goed foar josels soargjen en it sykjen fan de ferbining mei de oare minsken om jo hinne slút perfekt oan by de fyzje fan Frij Fryslân.

De Formule fan de blue zones

1. Move Naturally - Natuerlik bewege, de hiele dei troch (kuierje, wurkje yn de tún)

2. Purpose - In doel yn it libben

3. Down Shift - Manieren om te bekommen fan stress

4. 80% Rule - Per miel ite oant datst 80% fol bist

5. Plant Slant - In plantaardich dieet

6. Wine @ 5 - In slokje op syn tiid

7. Belong - By in religieuze of spirituele mienskip hearre

8. Loved Ones First - Famylje op 1

9. Right Tribe - it goede sosjale netwurk