Frij Fryslân begjint koöperaasje

Frij Fryslân begjint koöperaasje

It lêste nijs… Frij Fryslân set in koöperaasje op! Mei dy rjochtsfoarm lizze wy de basis foar it takomstich hanneljen fan ús beweging. In beweging dêr’t hieltyd mear minsken, fia ús nijsbrieven, ynrinjûnen, presintaasjes en kontakten mei lokale groepen harren mei ferbine.

Wêrom in koöperaasje?

Mei de koöperaasje lizze wy ferbining mei oaren yn Fryslân dy’t ek bouwe wolle oan in earlike, nije en bettere wrâld. En dy’t dêr hjir -  tichtby hûs - meielkoar oan meiwurkje wolle. Yn in earder artikel hawwe wy al mear ferteld oer it fenomeen koöperaasje en har skiednis yn Fryslân. 

Binnen de koöperaasje kinne nije aktiviteiten ûntploaid wurde dy’t ten goede komme oan de mienskip. Sa kin boud wurde oan in ûndernimmende regio en groeit dizze út ta in ekonomysk ekosysteem. 

Kearnweardes

Yn it ‘foaropwurd’ (de preambule) foar it karbrief fan Frij Fryslân wurdt ek yngongen op wat Fryslân is, yn al syn fasetten, skiednis, identiteit en frijheidsgedachte. Mar der wurdt ek stilstien by wat de ‘nije minsk’ is yn dizze nije tiid en wat kearnweardes binne fan Frij Fryslân as beweging. Foar de begjinfase binne as kearnweardes beneamd ynteger, autonoom, oplossingsrjochte, ferbinend, en holistysk. De nije Frije Fries is ynteger: hy hannelet mei respekt foar syn meiminske en hat in goed ûntwikkele weardekompas. Hy is autonoom: hy libbet neffens eigen yntegriteit en is net ôfhinklik fan de miening of ynfloed fan oaren. Dêrtroch bliuwt er altyd suver yn syn dieden en oardiel. Hy is oplossingsrjochte: hy hat in linige geast dy't by steat is om problemen fan alle kanten te besjen en dêr in net-lineêre oplossing foar te finen. Hy is ferbinend: as frij minske beseft er dat dy frijheid nea ten koste fan syn meiminske gean kin en dat er dêrta ferbûn bliuwe moat om dat ôf te stimmen. Ta eintsjebeslút is er holistysk: hy is him djip bewust fan ferbûn te wêzen mei it fjild fan bewustwêzen en dat stjoert syn hanneljen.

Mienskiplike beslútfoarming - Direkte Demokrasy 

Yn in koöperaasje bout en docht elkenien mei. Alle leden hawwe stimrjocht. Troch de kontakten mei minsken fan lokale groepen te ûnderhâlden en te yntinsivearjen, kin boud wurde oan de takomstige échte demokrasy fan Fryslân. Mei in netwurk fan minsken út alle doarpen, wiken en stêden. 

Dêr’t yn de samenleving fan no in hiel soad minsken it gefoel hawwe dat der foar en oer harren besluten wurdt, telt yn de koöperaasje elkenien mei. Jong en âld, ryk en earm, man en frou, elkenien wurdt sjoen en alle talinten kinne ynsetten wurde. 

Der kin boppedat eksperimenteard wurde mei nije, bettere foarmen fan mienskiplike beslútfoarming. Hoe komme minsken mienskiplik ta in beslút dat troch eltsenien aksepteard wurdt? Dat is wat oars as sljochtwei ja of nee te stimmen. 

Begjinfase - flitskoöperaasje

Kommende wike sil it kearnteam fan Frij Fryslân de oprjochtingsakte ûndertekenje. Dêryn stiet wat de bedoeling is en hoe’t de koöperaasje der út sjen sil. Dat is fansels net yn beton getten, want de kommende jierren sil alles him fierder útkristallisearje mei help fan de leden en elkenien dy’t meibout oan it nije Fryslân. 

Society 4.0

Frij Fryslân is ûnderdiel fan in folle bredere beweging dy’t no op lanlike én wrâldwide skaal oan it trochbrekken is. Basearre op in mienskip fan minsken (samenleving) ynstee fan op top-down beslútfoarming troch in lyts elitêr selskip of politisy. Dizze beweging dy’t organysk foarme wurdt yn dizze tiid is ûnder oare beskreaun troch heechlearaar Bob de Wit yn syn boek Society 4.0. Resolving eight key issues to build a citizens society. 

Nei it ferskinen fan it boek yn 2021 hat De Wit mei in team fan minsken de prinsipes fan syn boek útwurke ta in model en in wurkwize om ta autonome regio’s te kommen. Dit proses rûn gelyk op mei de ûntjouwings dy’t binnen Frij Fryslân plak fûnen. Ut de ekspertise dy’t Society 4.0 yn’e hûs hat kaam it idee om te wurkjen mei de rjochtsfoarm fan de koöperaasje. Op dizze wize wurdt gebrûk makke fan eleminten út it ‘âlde systeem’ om it nije op te bouwen. Foar Fryslân is dit ek in logyske stap omdat Fryslân in rike tradysje fan (suvel)koöperaasjes hat. Society 4.0 is ús al foargien yn it oprjochtsjen fan sa’n koöperaasje, dy’t yn it gefal fan Society 4.0 as doel hat autonome regio’s te helpen en stimulearjen.    

Lid wurde 

Fan in koöperaasje kinne net allinne partikulieren lid wurde, mar ek bedriuwen en organisaasjes. Der sil noch besjoen wurde hoe’t it komt mei it stimrjocht yn de byienkomsten fan de leden. Ynkoarten sil hjir mear nijs oer folgje. Hâld ús nijsbrief dus yn de gaten. Doch mei en bou mei oan Frij Fryslân!