De wurkgroep Enerzjy presintearret hjirûnder syn plannen en ambysjes. It is ús fyzje dat Fryslân autonoom wurdt op it mêd fan enerzjy. Wy wolle tawurkje nei lokale koöperaasjes dy 't oprjochte binne troch ynwenners en dy 't wer eigenerskip en sizzenskip hawwe oer de oanwêzige boarnen, wêrby 't de opbringsten te 'n goede komme oan de mienskip.
Op it mêd fan enerzjy hat Fryslân in tige rike posysje. Der wurdt folle mear opwekt as ferbrûkt. It perspektyf fan autonoom wurdt op it mêd fan enerzjy blykt dan ek in helbere doelstelling. Yn dizze tiden fan ûnwissichheden en hege enerzjyrekkens is it boppedat in logyske kar. Ut ús fyzje en de hjoeddeistige omstannichheden wei litte wy ús motivearje om in wolfarrende takomst foar en mei de mienskip te realisearjen.
Yn febrewaris 2022 sette de temagroep útein. Is it mooglik om Fryslân autonoom te krijen op it mêd fan enerzjy en hoe sjocht dat der dan út? Ek al wie en is der urginsje, der waard en wurdt wurke út fyzje wei, derop fertrouend dat de wei him ôftekenje sil.
Startend út fragen as: wat is de fraach nei elektrisiteit? Wat eksportearje wy? Wat is de hjoeddeistige tastân fan it net? Hoe sit it mei eigenerskip? Wat betsjut duorsum foar ús? Hokker boarnen binne der? Hokker ynnovaasjes binne ûnderweis? En hokker oplossingen binne der foar buffering fan seizoensskommelingen? Hoe kinne wy it bestjoerlik regelje?
Wy kamen yn kontakt mei krityske en opbouwende eksperts út de sektor dy 't ferskate funksjes besette. Allegearre wiene ree om mei ús “ out of the box ” ferskate oplossingen en rûtes te ferkennen. De eksperts dy 't oanskood hiene in tal saken gemien: passy foar it fraachstik, in soad kennis en ûnderfining en foaral de winsk om it bêste foar de mienskip te realisearjen.
Us ferkenningen hawwe laat ta it folgjende ynsjoch.
De haadkonklúzje is dat in autonoom Fryslân ek op it mêd fan Enerzjy in helbere kaart is!
Der is lykwols net ien magyske oplossing. Foar elk gebiet, foar elk doarp, foar elke strjitte en sels foar elke einbrûker kin in oare oplossing de bêste wêze. Alle mooglike oplossingen binne nedich én wolkom. Fan hybride waarmtepompen oant geotermy, fan biogas oant sinnestroom en fan gas oant wynenerzjy. Krekt dit ferskaat makket dat in sintrale iensidige oanpak effisjint noch duorsum is en neffens ferwachting tige fertraagjend wurkje soe.
Dêrom is it better om oan te heakjen op wat der al is. Der binne bygelyks al in soad enerzjykoöperaasjes. Dy kenne har omjouwing, witte wat der spilet, en hawwe de goede kontakten. Al dizze spinnen yn it web liede nei enerzjy autonomy fan harren gebiet en dêrmei nei enerzjy autonomy fan Fryslân as gehiel! Kwa ôfstimming fan al dy enerzjykoöperaasjes wurdt de âlde struktuer fan 30 gritenijen en 11 stêden hersteld. In bestjoerlike struktuer dy 't foar de tiid fan gemeenten opset waard.
In hiel soad saken draaie om jild. Dat is by enerzjy net oars. Om in earlik spylfjild te kreëarjen is it tige wichtich dat de finansjele opbringsten foar in grut part brûkt wurde kinne foar it oanbelangjende inisjatyf sûnder dat se ferplichte fuortfloeie.
De âlde bestjoerlike struktuer fan 30 gritenijen en 11 stêden (de âlde gemeentlike yndieling) is geskikt om it doel fan autonomy op it mêd fan enerzjy te realisearjen. Elke gritenij (gemeente) of stêd regelet syn eigen opwek binnen harren eigen enerzjykoöperaasjes. Oanwêzige boarnen en de enerzjyfraach ferskille per gebiet. Sa sil der yn de iene gritenij genôch opwekt wurde troch de al oanwêzige wynmûnen, oanfolle mei biogas ôfkomstich fan boerebedriuwen en wurdt der yn in oare gritenij troch geotermy al yn in grut part fan de enerzjyfraach foarsjoen. De ynwenners fan in gritenij of stêd kenne harren eigen gebiet it bêste en de lokale koöperaasjes ûntsteane út harren eigen inisjatyf wei.
In Frysk Enerzjybedriuw (FEB) sa 't wy dy foar eagen hawwe is in koöperaasje dy 't fungearret as ferbinende skeakel tusken de lokale koöperaasjes. Troch it fasilitearjen fan fraach en oanbod tusken de koöperaasjes en ek de bedriuwen yn Fryslân (en der bûten) soarget it Frysk Enerzjybedriuw dat lokale autonomy realisearre wurdt. Opbringsten komme de lokale mienskippen te 'n goede en kinne brûkt wurde foar ynvestearringen yn ûnderhâld, ynnovaasjes en projekten foar de mienskip. Wy wurkje mei technologyen en tapassingen dy 't no al beskikber binne en bringe nije mooglikheden yn dy 't yn harmony binne mei de natuer. It fertsjinmodel sil net liedend wêze. Uteinlik sille wy gebrûk meitsje fan frije enerzjy. We binne net fan de ien op de oare dei "duorsum", dit is in transysje. De wichtichste earste stap dy ’t wy meitsje is nei autonomy en selsfoarsjennendheid.
Autonoom Fryslân is regelearm. It giet om it hieltyd meitsjen fan ôfwagings wêrby 't de lêste ynsichten, ynnovaasjes en ûntwikkelings yn acht naam wurde. Dy ôfwagings wurde boppedat toetst oan de kearnwearden fan Frij Fryslân. Fertaald nei it plan foar enerzjy sjocht dat der sa út:
As temagroep geane wy in nije faze yn. De faze fan it DWAAN. De rol fan de temagroep is oan de iene kant it oanjeien en fasilitearjen fan lokale enerzjykoöperaasjes yn harren oprjochting en it aktyf ferbinen fan nije en besteande enerzjykoöperaasjes. Oan de oare kant it yngong sette fan it oprjochtsjen fan it Frysk Enerzjybedriuw.
Graach wolle wy yn kontakt komme mei bestjoerders fan lokale enerzjykoöperaasjes dy 't iepenstean foar in petear oer hoe 't wy in (energetysk) autonoom Fryslân foar eagen hawwe, wat ús rol dêryn is en wat de rol fan de lokale enerzjykoöperaasjes dêryn is. Wichtich útgongspunt dêrby is dat de mienskip folle sterker wurdt. Graach sjogge wy dyn mail temjitte by energie@frij.frl.
Bist in bouwer? Fynst enerzjy nijsgjirrich? Hast sels in soad enerzjy? Wolst écht in statement meitsje foar de Fryske mienskip en wat unyks dwaan? Eat dat noch nea fertoand is? Krijst der enerzjy fan om saken út te sykjen, om ideeën en minsken oan elkoar te ferbinen en om kreatyf en probleemoplossend te wurkjen? Om tsjin de bewende paden yn te wurkjen, wittend dat je dit dogge mei de rêchstipe fan hûnderttûzenen Friezen? Wurd dan mei-oprjochter en mei-bestjoerder fan in 100% Frysk Enerzjybedriuw. Je binne dan mei-bestjoerder en mei-oprjochter fan in koöperaasje dy 't enerzjy ynkeapet fan Friezen en ferkeapet oan Friezen. Je ferbine je oan de fyzje fan ús temagroep en oan dy fan Frij Fryslân. Yn de opstartfaze sil it nei ferwachting dy mei dyn mei-bestjoerders in fikse tiidsynvestearring freegje en net folle jild opsmite. It is ûnbetelle. As it Frysk Enerzjybedriuw ien kear draait, is der foar de bestjoerders en meiwurkers in goed ynkommen út te heljen. Do hast dan ek in betelle stêf ta dyn beskikking. Prate boppesteande dy oan of kenst minsken dy 't hjir knipt foar binne? Help Frij Fryslân en nim foar 15 novimber kontakt mei ús op via energie@frij.frl.
Fynsto ek dat jild dat troch de Friezen foar enerzjy útjûn wurdt by de Friezen bliuwe moat? Fynsto ek dat it bespotlik is dat enerzjy sa djoer is? Fynsto ek dat hjoeddeiske enerzjybelestingen en wetjouwing totaal net bydrage oan ferduorsumjen? Fynsto ek dat baas yn eigen buert belangryk is? Fynsto ek dat de opwekking, it eigendom en de beskikking oer enerzjy koöperatyf regele wêze moat en net yn hannen wêze moat fan oerheden en bûtenlânske oandielhâlders? Jou dan ús takomstige bestjoerders fan it Frysk Enerzjybedriuw in grouwe mentale stipe yn de rêch troch oan te jaan datst ynteressearre bist om meidertiid lid te wurden fan it Frysk Enerzjybedriuw! Je hoege allinnich mar in mail te stjoeren nei energie@frij.frl mei yn it ûnderwerp de tekst: Ik bin ynteressearre yn in takomstich lidmaatskip fan it Frysk Energy Bedriuw.