Boer út Bennekom wol los fan it ‘banke-ynfús’

Boer út Bennekom wol los fan it ‘banke-ynfús’

Op 27 novimber joech Lodewijk Pool fan Bennekom in presintaasje op in byienkomst fan Society 4.0. Kearn fan syn ferhaal wie dat er as boer los wol fan it ‘banke-ynfús’. Hy is fan miening dat troch de hjoeddeistige wurkwize boeren de rjochting fan ‘systeemboer’ op stjoerd wurde. Wêrby’t se swier ôfhinklik binne fan banken en de grutte supermerken en tagelyk oan alle kanten fêst sitte yn in keursliif fan wetten en regels dy’t kontraproduktyf binne. Dat moat folslein oars, sa fynt er; ûnder oare mei it útkeapjen fan de bank mei konsuminte-sertifikaten.

Bioboer yn Bennekom

Pool is biologysk molkfeehâlder yn Bennekom (Gelderlân). Mei syn frou hat er in bedriuw mei 80 blaarkoppen foar molk- en fleisproduksje. Dêrneist komme alle jierren sa’n 80 kealtsjes op de wrâld op de pleats. Fan 2004 ôf is it bedriuw feroare fan in grutte yntinsive feehâlderij nei biologysk en lytsskaliger. De boeren meitsje ek noch sels bûter, sûpe en tsiis en ferkeapje dat oan hûs. Fierder binne se aktyf yn natoerbehear. De pleats biedt in lanlike gearkomstelokaasje oan, is ek  soarchbuorkerij en biedt dêrmei plak oan minsken dy’t in feilich plak nedich hawwe.

Koöperaasje

De boerefamylje hat in koöperaasje oprjochte (‘De Hooilanden Landcoöperatie U.A.) dy’t it lân ferpachtet oan de boer. Der is begûn mei in persiel fan 3,5 ha en der wurdt tsjin in ridlike priis ferpachte (1,5% rinte). It is mei klam de bedoeling fan de koöperaasje om partikulieren te ferbinen mei it wurk fan de boer en dêrmei ek tagong te hâlden ta iten. Pool: ‘Ik wol wer minsken iten jaan ynstee fan de korporaasjes te fuorjen’. Foar it bedriuw is in lange-termyn pachtkontrakt in mooglikheid om sûnder in soad kaptaal foldwaan te kinnen oer grûn. It bedriuw kin it jild dan optimaal ynvestearje yn oare bedriuwsmiddels, lykas in bistefreonlike stal of produktferwurking. Ek is it bedriuw makliker oer te dragen: in eventuele opfolger hoecht de grûn net te keapjen, mar kin it pachtkontrakt oernimme.

Elkenien (partikulier, ûndernimmer, organisaasje) kin lid wurde fan de koöperaasje en sertifikaten binne te keap foar € 25.000. Hja binne dêrmei mei-eigner fan de grûn. Alle leden wurde ienris yn ’t jier útnûge op it bedriuw, om mei te praten en efter de skerms te sjen. De eigners hawwe meisizzenskip oer de takomst fan it stik lân.

Fryslân

Frij Fryslân hat ûnderwilens kontakt hân mei de earste boeren yn Fryslân, dy’t ek wol los wolle fan de belêstende liening en it kontrakt mei de bank. It giet dêrby om boeren dy’t ynvestearders fûn hawwe of sykje om sadwaande de earste stappen te setten nei mear frijheid as boer. Bisto ek boer en ynteressearre om te wurkjen mei sertifikaten, om sa ta te wurkjen nei in oare finansiering fan dyn bedriuw? Frij Fryslân wol finansiers (konsuminten, minsken mei in dofke jild op de bank) graach yn kontakt bringe mei boeren. Ek is Frij Fryslân dwaande om goede finansiers-konstruksjes te finen - tink oan in koöperaasje - en de goede juridyske teksten en modellen dêrfoar. Hast as boer of as mooglike finansier belangstelling, nim dan kontakt op fia info@frij.frl.