Autonoom libjen en wenjen yn Frij Fryslân

Autonoom libjen en wenjen yn Frij Fryslân

Underdiel fan de missy fan Frij Fryslân is it kreëarjen fan in autonome regio.

Frij Fryslân is in lân dêr’t minsken om elkoar jouwe. Dêr’t respekt foar elkoar, it libben en frijheid in moaie balâns foarmje. In lân dêr’t minsken mei elkoar besluten nimme en om elkoar en om ús ûnbetelbere natuer tinke. 

In nije en frije maatskippij meitsje wy mei-inoar. Se is basearre op in mienskiplike fyzje, mienskipssin en entûsjasme. Ut dit entûsjasme wei binne der al in soad temagroepen ûntstien, wêrûnder ek de groep “Autonoom libjen en wenjen”. In wichtich tema, want hoe ’t wy wenje draacht tige by oan ús wolwêzen en hoe ’t wy omgean mei ús omjouwing en natuer. Yn it ferline binne in soad wengroepen (kommunes) úteinset. De meast suksesfolle droegen by oan de ûntwikkeling en bloei fan 'e regio dêr 't se stasjonearre wiene.

Autonome foarmen fan libjen en wenjen 

Hoe 't in foarm fan libjen en wenjen derút sjocht is ôfhinklik fan de winsken, mooglikheden, entûsjasme en diedkrêft fan de dielnimmers. In mienskip kin ûntstean binnen de besteande struktueren fan de bebouwing (yn in streek, doarp, of wyk) of as in nije 'delsetting' (op in boerehiem, in braaklizzend terrein, of yn in leechsteand gebou).

It grutste part fan de maatskippij sil net yn nij kreëarre wenmienskippen en ekodoarpen wenje wolle of kinne. In soad fan wat der oanwêzich is yn dit soarte fan foarmen fan libjen en wenjen is ek te realisearjen yn de hjoeddeistige doarpen, strjitten en wiken. In startpunt kin in grientetún wêze (earste libbensferlet) mei in mienskipsromte as winkel - en moetingsplak. Of bygelyks in ' voedselbos '. Der is in nije Frij Fryslân wurkgroep Voedselbossen / permakultuer yn oprjochting om kennis hjiroer út te wikseljen en te fersprieden.

De temagroep 

Temagroep Autonoom libjen en wenjen ferkent de mooglikheden foar foarmen fan libjen en wenjen dêr 't mienskip en de kearnwearden autonoom, ynteger, ferbinend, holistysk en oplossingsrjochte sintraal by steane. De groep bringt foarbylden, ferlet fan leden en rânebetingsten (lykas finansiering, bestimming en fergunningen) yn kaart. Dêrneist ferbynt de groep ynteressearren: mei-inoar, mei kennis en ynspirearjende inisjativen. In tal leden fan de groep wol graach yn 'e mande mei oaren de eigen ideale libben - en wenfoarm realisearje.

Enkête 

Help de temagroep troch it ynfoljen fan in enkête. Doel is it ynventarisearjen fan de winsken fan (aspirant)leden - en net leden. Dat jout ynsjoch yn hoe ’t de groep it bêste bydrage kin oan it ûntstean en begelieden fan inisjativen rjochte op autonome foarmen fan libjen en wenjen. 

Bou mei!

Wolst dyn ekspertize ynsette? Bist in organisator, dogger, kenner regeljouwing, kommunikator, ferbiner, boukundige, ekolooch, fersoarger, túnker, ûndersiker, útfiner, besinner? Wolst mei ús oan 'e slach gean om in pilot foarm fan libjen en wenjente realisearjen? Stjoer in e-mail nei: levenenwonen@frij.frl.

Bist ek entûsjast en wolst diel útmeitsje fan in libbens - of wenmienskip? Wolst mei oare belangstellenden gearkomme, inoar kennen leare en ynspirearre wurde om yn aksje te kommen? Wy organisearje begjin 2023 in moetingsdei. Hâld de nijsbrief yn 'e rekken.

links

Vragen? Mail ons!