FAQ

Hoe kin ik meidwaan?

Do kinst op in soad wizen meidwaan. Yn it foarste plak kinsto dy oanmelde foar de nijsbrief en de webside folgje. Guon minsken binne hiel praktysk. Der besteane al in hiel soad projekten yn Fryslân dêr't praktyske help tige wolkom is. Op de webside fan Frij Fryslân besykje wy safolle mooglik fan dizze projekten yn kaart te bringen en mei elkoar te ferbinen. Oare minsken binne goed yn neitinken. Der is ek in soad tinkwurk noadich om Frij Fryslân ta in súkses te meitsjen. Dizze minsken binne fan herte útnûge om harren oan te melden by ien fan de wurkgroepen fan Frij Fryslân. By eintsjebeslút binne jeften ek fan herte wolkom.

Hoe wolle jimme jimme doelen berikke?

Frij Fryslân komt ta stân troch de mienskiplike ynspanning fan eltsenien dy't him of har ferbine wol oan de fisy en de doelstellings. Dit is in bottom-up barren, wat betsjut dat it doel berikt wurdt as genôch yndividuen harren oanslute. Dêrneist freeget it berikken fan de doelen in soad tink- en wurkkrêft. Dy besykje wy safolle mooglik te mobilisearjen troch it ferbinen fan minsken en inisjativen.

Binne jimme nasjonalistysk?

Nee: wy wurkje oan oplossings dy't universeel binne, dus jilde foar alle minsken, mar wy passe se ta op in relatyf beheind gebiet, omdat wy tinke dat it by it wêzen fan in minsk heart om lytsskalich te wurkjen en te libjen.