Wy bouwe...

Wy bouwe...

Wy binne op in kantelpunt dêr 't fan ús frege wurdt om foar inoar te stean. Wy moatte it stjoer fan ús libben en fan ús maatskippij op 'e nij yn eigen hannen nimme troch it sels te dwaan, mei-inoar.

In nije mienskip 

Wy kreëarje út betrouwen wei. Wy fisualisearje mei-inoar in Fryslân dêr 't wy yn frijheid en sûnens libje kinne. De tiid is écht no en wy kinne it allinnich tegearre. Us yntinsje is in hechte mienskip te bouwen.  Dat dogge wy no earst noch troch yn tema- en wurkgroepen in alternatyf te kreëarjen. En dat alternatyf sille wy hieltyd mear ‘echt’ realisearje; blomkoal foar blomkoal, bakstien foar bakstien, buorkerij foar buorkerij.

Der binne yn Fryslân in soad groepen en inisjativen. Wy hawwe der in soad fersanden sjoen.

In soad bliuwe hingjen yn it dielen fan berjochten yn Telegram. Wat is de kaai foar effektyf en wearber te wêzen?

Allinnich mar bouwe 

Wy rinne in nij paad del wylst it âlde hieltyd mear ôfbrokkelet. Alde fertroude gewoanten en gedrach hawwe wy faak noch net ferfongen foar nije, dy 't ús no better tsjinje. 

Mar ien ding is foar ús wis: it hat gjin doel om as in lytse groep yndividuen oan te skoppen tsjin it âlde systeem. Der binne fêst wat arguminten foar oan te fieren, mar de foardielen weagje net op tsjin de neidielen. It kostet enerzjy en leveret frustraasje op, it legitimearret geweld fan it âlde systeem en it liedt ôf fan wat der echt barre moat: bouwe oan de nije mienskip. Want hoe 't je ek nei de situaasje sjogge, der sil in nije mienskip boud wurde moatte.

It bouwen smyt in hiel soad op. Je leare positive minsken kennen. Oars sein: do omkringst dysels mei dyn ‘tribe’. Je krije sels in posityf gefoel troch te bouwen. Je krije positive feedback en bouwe oan je persoanlike autonomy.

Foaroardielen en ferkearde ferwachtingen 

Wy sjogge minsken ôfheakjen op basis fan ferwachtingen, oardielen en oare projeksjes. Wy neame der in pear op. As earste is der by guon minsken in idee oer ‘de nije wrâld’ en hoe ’t dy der komme sil. Dit binne faak de minsken dy 't net mei beide skonken op de grûn steane. Yn harren belibbing sil de nije wrâld ‘gewoan ûntstean’, dus sûnder dat minsken har dêrfoar ynspanne moatte. Se hawwe ek in hiel optimistysk - of eins net realistysk - byld fan hoe ’t minsken dan mei-inoar omgean sille.

Oangeande Frij Fryslân wurdt dan somtiden sein:  ‘Jim meitsje in nije struktuer, dat past net yn de nije wrâld’, of: ‘it is âlde wyn yn nije sekken’. It is in yllúzje om te tinken dat der yn de nije wrâld gjin foarmen of struktueren wêze soene. Dat giet yn tsjin Universele Wetten. Lykwols, wy moatte derfoar soargje dat dy foarmen en struktueren goed, rjochtfeardich en transparant binne en troch elkenien droegen wurde.

Frij Fryslân sit yn in oergong fan in beweging en organisaasje dy 't troch in kearnteam en fasilitêr team oanjage waard, nei it wêzen fan in mienskip dêr 't elk syn rol pakke kin, ferbining fielt mei in mienskiplik doel en mei-bouwer is. Tegearre binne wy ferantwurdlik foar wat wy oan it bouwen binne.

De twadde falkûle dêr 't minsken yntraapje is ekternalisearjen.  Sy lizze de ferantwurdlikheid foar wat dan ek bûten harsels. Dat kin him op allerhande wizen uterje. Ofwachtsjen op wat de oare partij docht en reaktyf bliuwen islykwols gjin opsje mear. De ûntjouwingen geane hiel hurd en mei-inoar sille wy, as minsken, de nije mienskip opbouwe moatte. Elkenien kin nei fermogen, mei syn of har talinten, bydrage oan de mienskip fan moarn.

Net oanslute mar wol oardielje en dy bylden ferspriede is noch in uteringsfoarm. Dy is skealik foar de beweging, mar ek foar dysels. What goes around comes around. En it is ûnnedich. Want yn in mienskip dêr 't wy mei-inoar bouwe, kinst ek belutsenen benaderje en dysels útsprekke. Sa krijst in better sicht op yntinsjes en ûntstiet der ek in iepening om aktyf by te dragen.

Bouwe … oan dysels

Bouwe dogge je dus net allinnich oan de nije wrâld, mar ek oan josels. It freget konstante selsrefleksje. En inoar spegelje en oansprekke, leafdefol, mei iepen hert. Bist ree om mei te bouwen? Stean te bliuwen wannear't it lestich wurdt en wannear't it net witten ûngemaklik fielt? Dy út te sprekken wannear' tst it  graach oars hawwe wolst? Frijheid en ferantwurdlikheid hearre byinoar.

In hiel soad mooglik 

Der is noch safolle te bouwen, dat dat noch lang net bestrutsen wurdt troch de tema - en wurkgroepen dy 't op dit stuit aktyf binne. Der is noch in hiel soad mooglik en der moat noch in hiel soad barre. Ast dus in idee hast oer watst bydrage wolst en dêrmei gjin oansluting fynst by in besteande groep, kinst op syk gean nei minsken dy 't dat mei dy oppakke wolle. As trije of mear minsken mei in idee oan de slach wolle, kinne wy dat út it fasilitêre team wei stypje. En sa bouwe wy fierder.

Bisto ynteressearre en wolst frijbliuwend kennis meitsje? Nim dan kontakt op fia e-mail.

links

Vragen? Mail ons!