Ûndernimmerskafee

Ûndernimmerskafee

Ien kear yn de seis wiken komme ûndernimmers út ús mienskip by-inoar yn De Fabriek yn Wergea. Om kennis te dielen, inoar te moetsjen, tegearre inisjativen te betinken en te learen oer koöperatyf ûndernimmen.

It Ûndernimmerskafee is in plak om mei-inoar te ûntdekken hoe't wy groeie en bouwe kinne. In plak dêr't ko-kreaasje en gearwurking sintraal stean. It fynt plak tusken 15:00 en 18:00, afwikseljend op freed en snein.

Wat kinst ferwachtsje?

Elke gearkomste hat in eigen karakter, mar de opset bliuwt werkenber:

  • Kennis diele – In workshop, lêzing, training of ynspirearjende film iepenet it kafee. Praktyske ynsichten dy ' tst direkt tapasse kinst yn dyn ûndernimming.
  • Mei-inoar dwaan – Nei de earste sesje folget der faak in mienskiplike aktiviteit. Net allinnich harkje en sjen, mar sels oan de slach om te ûnderfinen en te ko-kreëarjen.
  • Borrel & ferbining – Wy slute ôf mei tiid om elkoar écht te moetsjen. Petearen dy't fierder gean as fisitekaartsjes, konneksjes dy't groeie nei gearwurking. Under it genot fan in hapke en drankje.

Foar wa?

It Ûndernimmerskafee is der foar bedriuwen dy't al lid binne fan Frij Fryslân én foar ûndernimmers dy't ynteressearre binne om harren oan te sluten. Mei oare wurden: foar ûndernimmers dy't bouwe wolle oan in ekonomy basearre op betrouwen, gearwurking en dielde wearden.
 
Oft je no sykje nei konkrete gearwurkingsmooglikheden, leare wolle oer koöperatyf ûndernimmen, of gewoan nijsgjirrich binne nei wat Frij Fryslân te bieden hat – je binne fan herte wolkom.

De krêft fan mei-inoar

By Frij Fryslân leauwe wy dat ûndernimmers groeie troch ferbining: mei-inoar ko-kreëarje is krêftiger as allinne konkurrearje. It Ûndernimmerskafee is der om dy ferbining te ûnderfinen, te fersterkjen en om te setten yn konkrete aksje.

Programma 17 april

Joep van Sounds Like Healing - ien fan ús oansletten bedriuwen - is te gast. Hy fertelt oer ûndernimmen út eigen ûnderfining wei: tegearre mei syn trije bruorren runt er trije bedriuwen. Hoe bouwe je dat op, hoe ferdiel je rollen en wat freget gearwurkjen yn de deistige praktyk? 

Dêrnei is der in update oer wat der binnen Frij Fryslân beweecht op ûndernimmersmêd. Nei dizze update is it tiid foar in buorrel en goede petearen oant 18 oere.

Oanmelde

Meld dy oan fia ûndersteand formulier. Foar takomstige data kinst dyn ynteresse ek kenber meitsje. 

Wy sjogge dernei út om dy te moetsjen! 

Ynteresse yn bedriuwslidmaatskip? Wolst mear witte oer wat it betsjut om as bedriuw oan te sluten by Frij Fryslân? Sjoch op disse side >

Links

Vragen? Mail ons!