Kom nei de temadei Sûnens!

Kom nei de temadei Sûnens!

Lit dy ynspirearje troch alles wat der by Frij Fryslân spilet op it mêd fan Sûnens! Ut de fyzje holistysk, bewust en lytsskalich wei wurde ferskate aktiviteiten yn gong set. Foar elk wat wils op dizze temadei!

Datum en lokaasje: 4 febrewaris 2023, doarpshús Nij Franjum, Franjumbuorsterpaed 12, Marsum
Tagong fergees (donaasjes wolkom). Kofje, tee en drankjes binne te keap oan de bar.

We starte middeis mei in presintaasje oer Frij Fryslân, de fyzje op sûnens binnen de koöperaasje en in oersjoch fan wat der troch de wurkgroepen dien is yn 2022. Ek lizze wy de wurkwize fan de sûnensmienskip en de oare temamienskippen út. Dêrnei fertelle we mear oer de wurkgroepen dy 't op dizze dei ûntstean sille. Der is folop gelegenheid om dêr fragen oer te stellen én om dy oan te melden om sels aktyf te wurden yn ien of mear wurkgroepen.

Doelen fan de dei

Wy kreëarje dy middeis in ynspirearjend moetingsplak foar ynteressearren, wurkje gear oan de trochûntwikkeling fan it tema en wy starte nije wurkgroepen op. De wurkgroepen binne op 'e siik nei spesifyk talint en wy steane te popeljen om dy te moetsjen! 

Do bist fan herte wolkom ast yn dit ûnderwerp ynteressearre bist, ek ast sels gjin soarchferliener bist (of west hast). 

Der is fan alles te dwaan, ek foar minsken dy 't oare kwaliteiten ynbringe as dy fan minsken mei in soarchachtergrûn. Hâldst bygelyks fan organisearjen, in groep stypje, helpe by praktyske saken, ensfh. dan is dyn help ek tige wolkom. Witst sels noch net krekt wat dyn bydrage wêze kin? Dan is dizze middei in goed startpunt. Der is genôch romte om oer de ferskate ûnderwerpen en mooglikheden yn petear te gean.

Programma

12:30 ynrin

13:00 – 14:00 Plenêre sesje mei presintaasjes

  • it gruttere plaatsje
  • wurkgroepen en harren doelen
  • wat kinsto dwaan en wat wurdt der dan fan dy ferwachte?
  • fragen

14:00 – 15:30 Pauze en iepen romte

  • leden dy ’t al aktyf belutsen binne, binne oanwêzich foar fragen
  • standsjes / tafels per op te rjochtsjen wurkgroep mei ynformaasje en ynskriuwlisten, kinst by dy tafels yn petear mei aktive leden

15:30 – 17:00 Parallelle sesjes op te starten wurkgroepen

  • yn 'e kunde komme
  • presintearje doelen fan de wurkgroepen
  • input fan dielnimmers
  • folgjende stappen
  • beprate groepsdoelstelling
  • as dat mooglik is struktuer wurkgroep ôfstimme (foarsitter, skriuwer, gearkomsten)

17:00 – 17:30 Ofsluting

  • plenêre weromkeppeling út de groepen
  • folgjende stappen organisaasje wurkgroepen

17:30 – 18:00 Neiprate

De wurkgroepen

Hjirûnder fynst in omskriuwing fan de nije wurkgroepen dy 't yn dit tema opstart wurde.

  1. Understeuningsteam Sûnens
    Fansels is it fan belang dat alle minsken yn de sûnensmienskip goed op 'e hichte binne fan inoars wurk en inoar fine kinne. Dizze groep bestiet út minsken dy 't de mienskip binnen dit tema en de ferskate wurkgroepen stypje en ferbine. De groep is fasilitearjend én temabreed ynhâldlik dwaande. 
     
  2. Wyksoarch koöperaasje(s) bedriuwsplan
    Dizze groep wurket oan in bedriuwsplan foar wyksoarch yn koöperative foarm. De groep ûndersiket wat de winsklike struktuer is foar ien of mear koöperaasjes, dêr 't in breed pakket oan tsjinstferliening yn ûntwikkele wurde kin. It giet hjirby om lytsskalige, regionaal organisearre soarch dy 't ticht by de minske stiet. Binnen de koöperative foarm wurdt in plan dellein dat soarget foar in krêftebondeling en earlike beleanning foar elkenien dy 't meidocht. Nei ûntwikkeling fan it businessplan giet de groep fierder mei it organisearjen en útfieren hjirfan.
     
  3. Sûne apoteek koöperaasje(s) bedriuwsplan
    De nije 'medisinen' dy 't hjoed-de-dei brûkt wurde binne noch mar 100 jier op 'e merk. Se binne ûntstien út de petrogemyske yndustry en bouwe meastal de natuer foar in part nei. Mei alle gefolgen fandinne, want de middels feroarsaakje oer it algemien disbalâns yn it minsklik lichem. Oant 100 jier lyn hat de minskheid altyd gearwurke mei natuer. De natuerlike middels hawwe faak net it neidiel fan it kreëarjen fan disbalâns yn it lichem. Dizze groep wurket oan it weromheljen fan dizze âlde kennis en sammeljen fan nij opdiene kennis. Dêrnei wurdt dy kennis omset nei nije produkten en tsjinsten. Dêrútwei sil in businessplan folgje foar de earste Sûne apoteek nei koöperatyf model. Nei ûntwikkeling fan it businessplan giet de groep fierder mei it organisearjen en útfieren hjirfan. 
     
  4. Soarchferlieningsferbining
    Dizze groep hat as basis yntegrale sûnenssoarch, dus ‘it bêste fan twa wrâlden’. De groep organisearret gearkomsten wêrby't soarchferlieners út it reguliere en út it komplemintêre sirkwy inoar moetsje kinne en yn petear gean kinne. De groep stipet de útwreiding fan de koöperaasje troch it lizzen fan kontakten mei de ferskate bedriuwen, ynstellingen en zzp-ers. Se sille dus yn petear mei dizze soarchferlieners oer it mooglik oansluten by de koöperaasje. De groep sil hjir ek yn gearwurkje mei de bedriuwegroep yn Frij Fryslân. Alle bedriuwen en selsstannigen dy 't oanslute by Frij Fryslân wurde ûnderdiel fan in netwurk wêryn 't ek útwiksele wurde kin op oare wizen as inkeld fia de euro. 
     
  5. Platfoarm content
    Dizze groep hâldt him dwaande mei it ynhâldlik foljen fan in online platfoarm. Ynformaasje dy 't dêrop ta beskikking komt bestiet út gegevens fan oansletten soarchferlieners, edukative materialen yn wurd en byld, leefstylhelpynformaasje, bûsboekjes, trainingen, workshops, ensfh. Dizze list is fansels net útputtend. Alle ynformaasje dy 't yn it netwurk rûn giet en mooglik nijsgjirrich is foar de leden is hjir wolkom. Guon kontint kin troch de groep ek omset wurde yn fysike produkten, lykas boekjes en neislachwurken. De groep ynventarisearret, koördinearret, redigearret en pleatst de ynformaasje. Ek is se earste oansprekpunt foar minsken dy 't ideeën hawwe foar kontint levering. 
     
  6. Alternative finansiering
    Dizze groep giet oan de slach mei mooglikheden foar alternative finansiering. Binnen Frij Fryslân hawwe al minsken mei dit ûnderwerp dwaande west en binne de earste kontakten lein mei minsken dy 't hjir earne oars al mei dwaande binne. It ûnderwerp is net maklik. It freget om fleksibel tinken, tûke oplossingen en in lange azem, mar yn it netwurk binne wol saken oan it ûntstean dy 't dat makliker meitsje, wêrûnder in eigen útwikselingssysteem.

Ferskate útwikselgroepen 

Binnen it tema Sûnens ûntsteane neist opbougroepen lykas hjirboppe omskreaun ek ferskate útwikselgroepen, wêrûnder Deel en Heel, BewustGezondZijn, ferslavingssoarch en selshelpgroepen. Op de temadei binne minsken fan dy groepen oanwêzich om dy dêr mear oer te fertellen. 

Fierder libje der yn de koöperaasje ferskate oare ideeën. Ek kinne der op de dei sels ideeën of inisjativen ûntstean. De neamde groepen binne dus net útputtend: it tema Sûnens is tige breed en sil it kommende jier fierder trochûntwikkele wurde troch de minsken yn de sûnenscommunity binnen Frij Fryslân. Hast sels in inisjatyf dêr'tst fan tinkst dat it libbensfetber is en wêrmei'tst yn in groep oan de slach wolst? Dan kinst dat oanjaan op it oanmeldformulier hjirûnder.

links

Vragen? Mail ons!