Stân fan saken FEB

Stân fan saken FEB

Yn 2023 is de Koöperaasje Frysk Enerzjybedriuw U.A. oprjochte. Nei in soad tarieding en stúdzje fan it hjoeddeistige enerzjylânskip wolle wy no yn 2024 echt úteinsette. Dat sil in perioade fan ûntdekken en learen wurde. Op dit stuit wurdt der ûnder oare wurke oan de earste opset fan de webside. Fierder trochrinne wy no it proses fan registraasje as enerzjyleferingsbedriuw. Om ús te stypjen hawwe wy in enkête opsteld dy'tst ûnderoan dizze side fynst. Wy soene it tige op priis stelle ast dy ynfolje wolst.

It Frysk Enerzjybedriuw is der foar elkenien dy't op in bewuste wize mei enerzjy omgiet en it wichtich fynt dat de enerzjyfoarsjenning safolle mooglik lokaal en autonoom organisearre wurdt. Wolst ynspraak hawwe by (lokale) enerzjyopwekking en it brûken dêrfan? Wolst graach dat opbringsten út enerzjyferkeap weromfloeie yn de lokale mienskip? Dan is ús koöperaasje wat foar dy.

De útgongspunten fan de FEB binne: 

  • Enerzjy is in basisferlet 
  • Transparânsje en earlikheid yn priis en proses 
  • Mienskiplike eigendom en demokratyske sizzenskip 
  • Gjin winsteachmerk mar each foar kontinuïteit 
  • Leefberens: gjin horizonfersmoarging of oare oerlêst troch enerzjyopwekking 
  • Duorsumens: enerzjy duorsum brûke

Sizzenskip yn eigen hân

Wy, de leden fan Koöperaasje Frysk Enerzjybedriuw, wolle de sizzenskip oer de enerzjy- en jildstreamen fan de produksjemiddels fan enerzjy troch de leden fan ús enerzjymienskip boargje.

Fierder wolle wy de gearwurking tusken enerzjymienskippen befoarderje en de kollektive krêft fan dy enerzjymienskippen fersterkje. Sa meitsje wy in rjochtfeardige en demokratyske enerzjymerk mooglik.

Dêrneist hawwe wy as doel it fergrutsjen fan de duorsumens yn syn algemienheid. Dêrmei kinne wy de enerzjykosten sa leech mooglik hâlde en de leefberens fan de omjouwing befoarderje.

Enerzjybalâns

As enerzjykoöperaasje geane wy de beskikbere enerzjy dy 't troch eigen opwek beskikber is ferdiele oer de leden.  As der in tekoart is oan eigen enerzjy sille wy dat ekstern ynkeapje. As wy as enerzjykoöperaasje sels enerzjy leverje oan de leden, binne wy ek sels ferantwurdlik foar de enerzjybalâns binnen de koöperaasje. Soks betsjut dat de mannichte brûkte enerzjy gelyk wêze moat oan de mannichte enerzjy dy 't opwekt is. 

As wy as enerzjykoöperaasje de kostpriis foar enerzjy sa leech mooglik hâlde wolle, moatte wy der as aktive leden safolle mooglik foar soargje dat wy sels op dizze balâns stjoere kinne. Soks kin betsjutte dat wy soms it enerzjygebrûk ôfstimme moatte op hoefolle beskikbere opwekke enerzjy op in dei. Wat mear leden der binne, wat better wy dizze balâns sels stjoere kinne. 

In foarbyld fan dat sels stjoeren is it ynvestearjen yn in mienskiplike batterij dy 't de koöperaasje dan yn eigendom hat. Dan kinne wy as der minder sinne skynt op in bepaalde dei of as der dochs mear enerzjy brûkt wurdt as yn it foar ynskat, dit fanút de eigen kapasiteit oanfolje. Koartsein: hoe better oft wy as koöperaasje by steat binne om de balâns te finen, nammerste mear grip wy krije kinne op de feitlike kostpriis fan de enerzjy. 

Dat sil in mienskiplike reis yn 'e tiid wêze, wêrby 't yn it begjin de kostpriis wat heger wêze kin as de hjoeddeistige gemiddelde priis. Troch te groeien en te learen sille wy by steat wêze om de kostpriis fan enerzjy earlik en struktureel leger te meitsjen. 

Giest mei op dizze enerzjike reis?

Koöperaasje Frysk Enerzjybedriuw