Frij Fryslân bout stap foar stap oan in nije mienskip binnen Fryslân. Los dêrfan besteane tal fan fynskaliger inisjativen, faak rjochte op in regio of in bepaald tema. Beide folje inoar faak prachtich oan en witte inoar hieltyd faker te finen. Mar wat as je yn oanrin nei in nije wrâld te meitsjen krije mei need dy 't net oplosber is op de hjoeddeistige wize? In soad minsken meitsje har dêroer no mear soargen as oait. Dêrfoar kin Solaris in oplossing wêze.
Solaris is in netwurk fan minsken dy 't inoar praktysk bystean yn gefal fan need. Dy help wurdt bean sûnder tsjinprestaasje, fergelykber mei in freonetsjinst. It is folslein basearre op solidariteit. Elkenien is der foar dy as dat nedich is. En do bist der foar in oar. In soarte fan fersekering, dy 't net draait op jild, mar op útwikseling fan primêre tsjinsten. It komt fan beide kanten. Dêrfoar is in stik fertrouwen en kommitmint nedich.
Solaris is in boargerinisjatyf, ûntstien yn it neijier fan 2021 yn Súd-Frankryk. Yn in pear moanne wiene yn trijekwart fan de Frânske provinsjes rinnende Solaris-sellen aktyf. It is dus net allinne in konsept, mar bewiist him al yn 'e praktyk! Ek yn oare lannen is Solaris al begûn. Yn Nederlân binne op dit stuit minsken dwaande de earste sellen te foarmjen. Elkenien kin meidwaan. Der is gjin machtsstruktuer of lieder. Alles is frijwillich, der is gjin sprake fan finansjele transaksjes.
Nije dielnimmers krije in intake, ôfnaam troch in lokale ferbiner. Je wurde frege wat je kinne en ynsette wolle foar it netwurk. Tink oan kennis, feardichheden, ferfiermiddels, akkommodaasjes, tiid ensafuorthinne. Dizze gegevens wurde sammele yn in papieren database, dêr 't mar trije persoanen oer ynsjen hawwe. Gjinien oars kin de gegevens ynsjen.
Op it stuit dat der in helpfraach is, wurdt kontakt socht mei ien fan de lokale databasebehearders, dêr 't altyd ien fan te berikken is. Dy sjocht yn de database en nimt kontakt op mei minsken dy 't de spesifike help leverje kinne. As de goede help net oanwêzich is, dan wurdt der kontakt opnaam mei kontaktpersoanen út njonkenlizzende sellen. Ek sy hawwe allinnich ynsjen yn de data fan harren eigen sel. Der is dus gjin sprake fan sintralisaasje fan data, mar fan desintralisaasje.
Yn elke regio wurde sellen ûntwikkele. Dizze moatte ûnderling mei-inoar yn ferbining stean. Dit netwurk is hiel wichtich. It wurdt oanmoedige om selmoetings te hawwen mei buorsellen. Dit soarget foar minsklike ferbining. Solaris is in netwurk om autonomer libjen te learen en tagelyk mei-inoar sterk te stean.
Nim dan kontakt op mei it team fan Tytsjerksteradiel fia solaris.t-diel@protonmail.com. Dêr kinst mear ynformaasje krije, of in ôfspraak meitsje foar in live presintaasje. De yntinsje is dat minsken harren oanslute by harren regiosel of dy helpe wolle. Besjoch hjir in ynterview mei Frédéric Vidal, de betinker fan Solaris.