Sûnt moandei 2 desimber 2024 iepenet it Sûnenscafé alle earste moandeis fan de moanne de doarren foar alle leden fan ús koöperaasje.
It kafee is ít plak om byinoar te kommen, kennis út te wikseljen en inisjativen te ûntwikkeljen oangeande it tema sûnens. Oft je no in idee hawwe foar in workshop, terapy oanbiede wolle, op syk binne nei advys, of selssoarchmiddels en resepten útwikselje wolle, it Sûnenskafee biedt in waarme en ynformele setting om mei-inoar te groeien. De gearkomsten fan it Sûnenskafee fine plak yn Wergea fan 19:30 oant 21:30.
It kafee is foar leden fan de koöperaasje. Bist gjin lid? Dan bist fan herte wolkom om in kear lâns te kommen. Wolst faker komme? Dan kinst lid wurde. We fertelle dy graach mear oer wat it lidmaatskip ynhâldt. Freegje dernei by it kafee.
De kommende data:
Kom del, moetsje nije gesichten en lit dy ynspirearje. Oant sjen yn it Sûnenscafé!
Marijn van Meditech Europe fertelt oer de Multiwave Oscillator (MWO) - in technology basearre op de prinsipes fan Tesla en Lakhovsky.
De minsken fan Saorsa binne oanwêzich om harren praktyk te dielen.
Hokker fragen libje der om dy hinne de dea? Hokker tsjinsten meie net ûntbrekke op de belibbingsmerk op 18 april? Kom yn petear, of mail nei gezondheid@frij.frl.