Alle lêste sneinen fan de moanne iepenet it Gesinskafé fan Frij Fryslân de doarren. It kafee biedt in plak foar âlden mei bern, tieners en/of jongerein foar ynspirearjende moetings en ferbining op hertsnivo. In plak dêr't dield en boarte wurde kin.
Alden kinne ûnderling kreatyf en aktyf dwaande wêze, útwikselje op ynteraktive lêzingen of leare yn workshops. Tink oan tema’s as fansels opgroeie, thúsûnderwiis of holistysk omgean mei bernesyktes. We binne benijd nei wat der libbet yn de herten fan de heiten en memmen. Dat sil de ynspiraasje wêze foar it ynfoljen fan sneintemoarns.
Foar de bern, tieners en jongerein is der tagelyk in boartlik, kreatyf en / of ferdjipjend oanbod. Ek dit programma mei ûntstean út wat se sels oanjouwe en graach dwaan wolle soene.
Wy slute elke edysje fan it Gesinskafé ôf mei in mienskiplike potluck-lunsj.
In potluck is in mienskiplik miel dêr't elkenien wat te iten by meibringt om te dielen. Wy nûgje dy fan herten út om in selsmakke of meibrocht gerjocht mei te nimmen foar de potluck lunch, sadat wy tegearre genietsje kinne fan in fariearre en smûk miel.
Alle lêste sneinen fan de moanne iepenje wy ús doarren yn De Fabriek yn Wergea tusken 11.00 en 14.00 oere.
De kommende data:
Do bist fan herte wolkom! Meld dy hjirûnder oan ast delkomme wolst.
Frij Fryslân bout oan in nije mienskip, basearre op minsklike wearden, natuerwetten en bewustwêzen. Om dit te fersterkjen, organisearje wy ús yn in koöperaasje.
De measte aktiviteiten binne foar leden, mar jo binne fan herte wolkom om it Gesinskafé twa kear frijbliuwend te by te wenjen. Wolst dêrnei faker meidwaan? Dan freegje wy dy om lid te wurden, sadat wy mei-inoar fierder bouwe kinne.
Wy wurkje mei oanmeldings om de kapasiteit goed te organisearjen.
Us gearkomsten binne op donaasjebasis. Wy wurdearje it ast in bydrage dwaan wolst, sadat wy mei-inoar bouwen bliuwe kinne oan fasiliteiten foar de mienskip.
Op de gearkomste stiet in donaasjebus klear foar kontante bydragen. Donearje fia de bank kin ek: NL 26 INGB 0675 8991 41 t.n.v. Frij Fryslân Koöperaasje U.A., û.f.f. ‘donaasje’.
Hast fragen?
Nim dan kontakt mei ús op fia info@frij.frl.